Rebûlje om mûlkapkes by Linde College Wolvegea

04 okt 2020 - 19:25

It wol of net dragen fan in mûlkapke op skoalle soarget foar rebûlje yn Wolvegea. It Linde College makke ôfrûne freed bekend dat sy har learlingen in driuwend advys jout om fan moandei 5 oktober ôf in mûlkapke te dragen yn iepenbiere romtes yn de skoalle. Ien fan de âlders liet op social media witte dat hy it net iens is mei dat advys.

Foto: Shutterstock

It advys om in mûlkapke te dragen jildt foar de iepenbiere romtes fan it gebou, it hoecht net ûnder de lessen. It dragen fan sa'n mûlkapke wurdt net ferplichte troch de skoalle.

Nei oanlieding fan it advys hat ien fan de âlders op social media oankundige moandei mei aksjes te kommen. De man is it net iens dat bern mûlkapkes drage moatte, en komt dêr tsjin yn it spier. Hy seit dat hy 'een voorbeeld wil stellen voor elke bestuurder die onze kinderen wil mishandelen' en seit moandeitemoarn 'een statement' meitsje te wollen by de skoalle.

Lokaalferbod

It Linde College hat dit wykein oerlis hân mei gemeente en plysje. Neffens de rektor binne der 'passende maatregelen' naam om de rêst by skoalle te fersekerjen.

Yn in mail oan it personiel seit de rektor fan it Linde College, Jan Osinga, dat it net de earste kear is dat dizze âlder 'intimiderend gedrag naar medewerkers van onze school' sjen lit. De man is dan ek in lokaalferbod oplein. Dat betsjut dat hy foarearst net yn de skoalle komme mei. Ek mei hy net op it skoalplein komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)