Swarte Pyt ferdwynt by Sint Piter-feest, organisaasje komt mei alternatyf

04 okt 2020 - 17:38

Swarte Pyt ferdwynt by it Sint Piter-feest yn Grou. Dat kin opmakke wurde út in ynterview dat de foarsitter fan it organisaasjekomitee fan it feest, Peter van den Broek, dit wykein jûn hat oan de Grouster.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Van den Broek konstatearret dêryn dat alle ûntjouwingen rûnom Swarte Pyt en ek de demonstraasjes fan de ôfrûne jierren it komitee ta it beslút brocht ha om it feest oan te passen. Hy wol noch net sizze hoe't dat der krekt útsjocht. Wol seit hy: "Het is een sterke verandering."

Yn de kommende twa oant trije wiken wurdt mear bekend makke.

Trefwurden: 
Swarte Pyt Grou Sint Piter
(Advertinsje)
(Advertinsje)