Ynbrekker yn Aldegea (Sm.) oanholden mei auto fol ynbrekkersark en sieraden

04 okt 2020 - 15:51

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in ynbrekker oanholden yn Aldegea (Sm.). De man is in bekende fan de plysje. By de oanhâlding waard ynbrekkersark yn de auto fûn. Boppedat leine der in soad sieraden yn de auto. De plysje is no op syk nei de eigener fan de sieraden.

Trefwurden: 
plysje ynbrekker Aldegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)