Boargemaster Harns jout driuwend advys ta dragen mûlkapkes yn winkels

04 okt 2020 - 14:22

Alle winkels yn de gemeente Harns krije fan moandei ôf it driuwende advys om harren klanten te freegjen mûlkapkes te dragen. Dat sei boargemaster Roel Sluiter sneintemoarn yn it Omrop-radioprogramma Buro de Vries. Neffens him moatte we net einleas diskusjearje oer nut en needsaak fan de maatregels: "We zien dat het aantal besmettingen teugelloos oploopt en je moet dan wel echt iets doen."

Foto: Google Street View

It giet neffens Sluiter om in hiel "beroerde ziekte" dy't hiel ferfelende konsekwinsjes hawwe kin en dêrom moatte we ús ferstân brûke. De maatregel is mei ynjûn troch de eigen ûnderfining fan Sluiter, dy't fertelt dat syn soan en de freondinne fan syn soan it coronafirus ûnder de lea hawwe. "Dan komt het toch ineens dichtbij."

Sluiter ropt winkellju dêrom mei klam op om harren klanten te freegjen mûlkapkes te dragen sadat it coronafirus minder kâns krijt om him te fersprieden. "Je kunt je absoluut niet gedragen alsof het jou niet gaat overkomen. Het kan je op de onverwachtste momenten bespringen."

Boarne- en kontaktûndersyk wurdt hieltyd dreger foar de GGD'en, om't net dúdlik is wêr't minsken it firus no krekt oprinne. "Het kan uit meerdere bronnen afkomstig zijn en dat is ook het verraderlijke hiervan. Het slaat de samenleving ook flink uit het lood. Daarom proberen we nu een weg te vinden." De boargemaster ropt minsken dêrom op ferstannich te wêzen en de mûlkapkes te dragen.

Boargemaster Roel Sluiter

(Advertinsje)
(Advertinsje)