Brânwacht pleatst oaljeskermen by lekkend sylskip op 'e Lemmer

De brânwacht hat sneintemoarn oaljeskermen pleatst rûnom in lekkend sylskip yn jachthaven Lemster Baai op 'e Lemmer.
© AS Media
It skip makket wetter. By it útpompen fan it wetter komme der in soad oare floeistoffen mei. De brânwacht hat dêrom yn it wetter skermen pleatst om foar te kommen dat de oalje him ferspriedt.
Hoe't it kin dat it skip wetter makket, is noch net bekend.