Aris begjint seizoen mei oerwinning op The Hague Royals

De basketballers fan Aris ha sneontejûn de earste wedstriid fan it nije seizoen fan de Dutch Basketbal League wûn fan The Hague Royals. Yn Ljouwert waard it 81-63.
De Ljouwerters giene yn it earste kwart lykop mei The Hague Royals, dat dit seizoen debutearret yn de Dutch Basketbal League. Oan it ein fan it kwart koene de Ljouwerters útrinne nei 19-10. Sa gie it ek yn it twadde kwart en it stie úteinlik 40-30 by it skoft.
Yn de twadde helte kamen de Royals tichteby, oant 55-48. De besikers koene it Aris yn it lêste kwart lykwols net mear muoilik meitsje en de Ljouwerters koene dochs wer útrinne nei in einstân fan 81-63.

Oanwinsten skoare der op los

Oanwinsten Chad Frazier, Thomas Smallwood en Jean-Victor Mukama spilen sterk. Smallwood skoarde 18 punten, Mukama 16 en Frazier 14.
Sneon 10 oktober is de twadde wedstriid fan it seizoen. Aris spilet dan yn Weert tsjin Basketbal Academie Limburg.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw