Femke Kok rapste Nederlânske frou ea yn Thialf oer 500 meter

03 okt 2020 - 21:06

Reedrydster Femke Kok fan Nij Beets hat by trainingswedstriden yn Thialf yndruk makke op de 500 meter. Sy sette in tiid fan 37,55 op 'e klok. Sa rap wie in Nederlânske frou noch nea op It Hearrenfean. It is de fiifde tiid ea yn Thialf oer 500 meter.

Foto: Orange Pictures

Op de 1000 meter wie Jutta Leerdam de winner, foar de Friezinnen Ireen Wüst, Suzanne Schulting en Antoinette de Jong.

Trefwurden: 
reedriden Thialf Femke Kok
(Advertinsje)
(Advertinsje)