UPDATE: Treinen fan en nei Ljouwert ride wer, stasjon wer iepen

It stasjon fan Ljouwert is sneontejûn koarte tiid ticht gien. Der wie in soad plysje oanwêzich, en ek de maresjaussee wie te plak mei kûgelfrije festen oan. Minsken mochten it stasjon net yn of út, en der rieden gjin treinen.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De plysje hie melding krigen fan in persoan dy't mei in fjoerwapen in trein ynstapt wêze soe. Om gjin risiko's te nimmen is doe it stasjon ôfsletten, en is de trein trochsocht. Dêrby waard in persoan oantroffen dy't foldie oan it sinjalemint, mar der waard gjin fjoerwapen fûn.