Bekerlotting: SC Hearrenfean - TOP Oss & RKC - Cambuur

03 okt 2020 - 19:55

Sportklup Hearrenfean nimt it yn de earste ronde fan de KNVB-beker thús op tsjin TOP Oss út de earste difyzje. Dat die sneontejûn bliken by de lotting foar it bekertoernoai. SC Cambuur iepenet it bekertoernoai mei in útwedstriid tsjin RKC út Waalwijk.

Foto: ANP

Tiisdeitejûn binne der noch foarrondewedstriden wêryn Harkemase Boys en VV Bûtenpost yn aksje komme. Harkemase Boys nimt it op tsjin Flevo Boys. De winner fan dat duel nimt it yn de earste ronde yn in útwedstriid op tsjin de winner fan Kozakken Boys - DEM. De winner fan VV Bûtenpost - Capelle nimt it yn de earste ronde fan de beker thús op tsjin de winner fan Spakenburg - AFC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)