Teätertoer fan Fryske popsjoernalisten set letter útein

03 okt 2020 - 19:38

It moast in grut feest fan werkenning wurde: de teätertoer De Duivel Ligt Altijd Op De Loer, wêryn't popsjoernalist Harry de Jong op it poadium bystien wurdt troch Willem de Vries. Sneontejûn soe de try-out wêze yn poppoadium Iduna yn Drachten, mar fanwegen de maatregels oangeande it coronafirus kin dat net trochgean.

Foto: Poppoadium Iduna

De foarstelling giet oer it libben fan De Jong, dy't in soad meimakke hat yn de popwrâld. Anekdoaten oer Johnny Cash, The Dubliners, Mick Jagger, Willie Nelson, Manchester en Texas komme foarby.

Dêrby wurdt de muzyk op it poadium fersoarge troch Ivo Poelsma fan De Lucky Daltons. Iduna is net ien fan de fiif teäters dy't in spesjale ûntheffing krigen ha. Dêrom koe de foarstelling net trochgean.

Harry de Jong en Willem de Vries oer harren teätertoer

Try-out yn Iduna

Foarearst sil de foarstelling no takom wike yn Zoetermeer foar it earst spile wurde. Yn desimber stiet der in optreden yn Ljouwert, yn Neushoorn, op it programma. Foar it optreden yn Iduna wurdt noch socht nei in nije datum.

(advertinsje)
(advertinsje)