LDODK slút earste helte fjildseizoen ôf mei oerwinning op DeetosSnel

De kuorballers fan LDODK ha sneontemiddei mei 17-24 wûn fan DeetosSnel. It wie de lêste wedstriid fan de earste helte fan it fjildseizoen.
LDODK yn in eardere wedstriid © LDODK.nl
Yn Dordrecht giene de ploegen mei 8-11 it skoft yn. Yn it twadde diel kaam DeetosSnel werom ta 16-17, mar koe LDODK de foarsprong op de hikkesluter úteinlik útwreidzje ta 17-24.
LDODK stiet healwei it fjildseizoen op in twadde plak yn de Eareklasse, achter Fortuna út Delft. Fan 23 oktober ôf folget it sealseizoen mei de Kuorbal League, letter sil it twadde diel fan it fjildseizoen spile wurde.