Start fan Vuurtorentrail op It Amelân ferrint rêstich

De start fan de Vuurtorentrail op It Amelân is sneontemoarn rêstich ferrûn. De earste dielnimmers fan it hurdrin- en kuierevenemint setten moarns ier en betiid útein. Der liken minder dielnimmers as ferwachte.
Vuurtorentrail
De dielnimmers stiene neffens protokol mei in mûlkapke by de start. Se begûnen om beurten mei it parkoers. Tusken eltse dielnimmer siet in pear sekonden, sadat se ôfstân fan elkoar hâlde koene. Under it draven hoegden se harren mûlkapke net op, mar sadree't se de finish oer kamen, moast it wer tefoarskyn helle wurde.
De dielnimmers begripe de argewaasje fan de bewenners. "Dan komen er ineens mensen uit heel Nederland hierheen. Als het hier coronavrij is, wil je dat zo houden", seit ien fan de dielnimmers.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Neffens in oare dielnimmer hâlde minsken harren goed oan de maatregels. "We hebben ons goed aan de anderhalvemeterregel gehouden, iedereen heeft mondkapjes bij de start. We werden er goed op geattendeerd."
Ferslachjouwer Simone Scheffer by de start fan de Vuurtorentrail