Ferlies yn haadklasse foar Bûtenpost en ONS

03 okt 2020 - 16:54

De beide Fryske fuotbalklups yn de haadklasse fan it amateurfuotbal stiene sneontemiddei mei lege hannen. ONS Snits gie thús mei 0-2 ûnderút tsjin HZVV út Hoogeveen. VV Bûtenpost krige sels mei 1-5 om 'e earen tsjin NSC Nijkerk.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Nei tolve minuten tocht Snits thús op foarsprong te kommen, mar spitigernôch foar de Snitsers waard de goal ôfkard fanwegen bûtenspul. Dêrnei gie it spul wat op en del, oant tsien minuten foar it skoft. Doe wie it HZVV dat op 0-1 kaam troch in goal fan João.

De ploech út Hoogeveen krige yn de twadde helte de bêste kânsen. Benammen Dzemidzic en Zomer wiene tichteby, mar keeper Justin van Dam koe in doelpunt foarkomme. Snits koe der net folle tsjinoer sette. Fiif minuten foar tiid beslikke in eigen doelpunt fan Patrick van der Veen it duel.

ONS-trainer Jan Vlap nei de nederlaach

Bûtenpost hurd ûnderút

Bûtenpost koe de earste 25 minuten aardich meikomme mei de besikers út Nijkerk. Dêrnei wie de wedstriid samar dien. It wie Cornelisz dy't NSC op foarsprong sette, wylst Troost der 3 minuten letter sels 0-2 fan makke. Noch wer in pear minuten letter wie it hielendal dien, doe't Terlemez de 0-3 skoarde. Dat wie ek de stân by it skoft.

Yn de twadde helte kaam NSC nei tsien minuten op 0-4 troch Ghaddari. Tissingh makke der sels 0-5 fan, foar't Mark van der Meer trije minuten foar tiid de 0 fan it boerd helle foar de Blaukes.

Bûtenpost-trainer Jasper Bouma

Harkemase Boys net spile troch corona

DIt duel tusken Harkemase Boys en Barendrecht yn de tredde difyzje gie sneontemiddei net troch. By de ploech út De Harkema is in spiler posityf test op corona. Yn oerlis mei it fuotbalbûn KNVB is besletten de wedstriid net te spyljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)