VC Snits ferliest yn heale finale Supercup

03 okt 2020 - 16:29

De follybalfroulju fan VC Snits ha sneontemiddei mei 3-0 ferlern yn de heale finale fan de Supercup. Bekerwinner Sliedrecht Sport wie mei 25-18, 25-15 en 25-20 te sterk foar de Snitser froulju.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste set koene de Snitser froulju aardich meikomme. Dochs seagen se hoe't Sliedrecht in lytse foarsprong pakte healwei de set (15-10). Dy foarsprong koe Snits net mear goedmeitsje, en dus gie de earste set nei Sliedrecht ta.

De twadde set hie itselde byld. Snits koe yn it begjin moai bybliuwe (11-9) mar seach dat Sliedrecht geandewei de set (16-13) in foarsprong naam. Dy efterstân kaam Snits net mear te boppe.

Snits hie yn de tredde set in lytse oplibbing. Nei in lytse efterstân fan twa punten (10-8) koene se werom komme yn de set. Se pakten sels in lytse foarsprong, mar koene it hege nivo net fêsthâlde. Uteinlik pakte Sliedrecht Sport sa mei 3-0 in plak yn de finale fan snein.

Trainer Jeffrey Scharbaai nei it ferlies

Wies van Solkema fan VC Snits

De striid om de Supercup wurdt gewoanwei spile tusken de bekerwinner en de lânskampioen fan it ôfrûne seizoen. De kompetysje is earder dit jier fanwegen it coronafirus ôfbrutsen, en dus wie der gjin lânskampioen. Dêrom wurdt der no yn Ede mei fjouwer teams spile om de Supercup yn in lyts toernoai. Bekerwinner Sliedrecht Sport en de bêste trije teams út de kampioenspûl (VC Snits, Apollo 8 en Eurosped) dogge mei by de froulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)