Fertutearze strafkamp It Petgat wurdt betinkingsplak

03 okt 2020 - 16:09

It eardere Joadske strafkamp It Petgat by Blesdike is fan de fertutearzing rêden. It is no tagonklik foar publyk en freed wie der foar it earst in betinking fan de slachtoffers yn it kamp.

It Petgat by Blesdike is yn de ferjitnis rekke. It moat no in bliuwend betinkingsplak wurde, fine buertbewenners en Stichting Joadske Wurkkampen. Dêrom komt der alle jierren in betinking, op 2 oktober. Want op dy dei yn 1942 binne de Joadske mannen, lykas de bewenners fan mear as fjirtich oare kampen, allegear nei Westerbork brocht.

Dêrwei gienen se op transport nei Auschwitz-Birkenau. Hast eltsenien fan harren is fermoarde yn de gaskeamers. Ek de 175 Joadske twangarbeiders fan kamp It Petgat ûntkamen net oan harren lot. Freed waarden se foar it earst yn it kamp betocht.

Oanpast programma

By de betinking waard in minút stilte hâlden en der wie in oan corona oanpast programma mei muzyk en sang. Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf die ien fan de speeches. Der wiene neffens de organisaasje wol mear as hûndert belangstellenden, mar sy koene troch de coronamaatregels net oanwêzich wêze.

Wurksumens

In spesjaal oprjochte stifting is dwaande om it kamp op te knappen. "We hebben eind vorig jaar deze grond van een boer aangekocht en we hebben subsidies gehad en hebben nu voldoende geld om hier aan de gang te gaan. Het eerste wat we gedaan hebben is het terrein weer toegankelijk maken, want het was heel erg dicht begroeid", fertelt Niek van der Oord van Stichting Joadske Wurkkampen. "We hebben paden aangelegd. Er zijn ook veel fundamenten tegenkomen, dus er ligt nog meer historisch materiaal dan we dachten."

Ferslachjouwer Ronnie Porte by de betinking

(Advertinsje)
(Advertinsje)