Dierencentrum Friesland fiert aksje foar nij ûnderkommen

Stichting Dierencentrum Friesland fan Drachtsterkompenije hat swierrichheden. De opfang foar bisten mei in geastlike of fysike beheining moat ferhúzje, mar dêr is in soad jild foar nedich. Jild dat der noch net is.
Dierenopvang Friesland fiert aksje foar nij ûnderkommen
Om dat jild yn te sammeljen hat de opfang in grutte aksjedei betocht. Dizze kin troch de coronamaatregels spitigernôch net trochgean, mar de frijwilligers fan de opfang sitte net stil. Letter op dei kamen sa'n tweintich motoaren en twa brânwachtweinen nei de opfang om omtinken te jaan oan de aksjedei.
De bestjoerders fan de motoaren binne allegear bisteleafhawwers, sa seit Diny Doedel fan it sintrum. "Der soe hjir hjoed fan alles barre, in sûkerspinmasine, in luchtkessen en sels de biste-ambulânse soe delkomme. Mar dat kin no allegear net", seit Doedel. Wol kinne minsken jild donearje oan de opfang, en der is in online feiling.

Mear romte nedich

De opfang moat ferhûzje om't it pân wêr't sy no yn sitte net grût genôch is foar alle bisten. Dat binne der sa'n 150, mar der komme elke kear mear by. It sintrum siket noch nei in geskikte lokaasje, mar dat falt net ta. "It draait allegear om jild, en wy wurkje allinne mei frijwilligers, dus sa folle ha wy net lizzen", seit Doedel. Yn totaal hat de opfang in heal miljoen nedich. "Sa hoopje wy ús dream realisearje te kinnen."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by it Dierencentrum