Part parkoers Vuurtorentrail op It Amelân fernield

03 okt 2020 - 11:16

In part fan it parkoers fan hurdrinwedstriid Vuurtorentrail, dy't fan it wykein hâlden wurdt op It Amelân, is fernield. Oer sa'n oardel kilometer fan de rûte binne ôfsettings en buordsjes fuorthelle. Wa't dat dien hat, is net dúdlik, mar mooglik hat it te krijen mei de konsternaasje dy't ôfrûne wike ûntstie doe't de gemeente bekend makke dat de wedstriid 'gewoan' trochgie yn coronatiid.

De rûte wurdt op 'e nij útsetten - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Der wie yn it foar in soad konsternaasje rûnom Vuurtorentrail. Eilânbewenners hiene grutte noed oer de hast 1.000 dravers dy't nei it eilân ta komme soene, wylst it coronafirus yn Nederlân wer oplôget en it Ryk strangere coronamaatregels naam hat. Boargemaster Leo Pieter Stoel sei lykwols dat de organisaasje oan alle easken foldie en dat it evenemint 'gewoan' trochgean koe.

De organisaasje fan Vuurtorentrail wol de link mei de opskuor oer it net skrassen fan de wedstriid yn coronatiid net lizze. Neffens harren bart it wol faker dat dielen fan de rûte fuorthelle of fernield wurde. De rûte is yntusken op 'e nij markearre.

-

(Advertinsje)
(Advertinsje)