Slopershammer giet yn suvelfabryk Aldegea (Sm.): "Doarpshistoarje giet ferlern"
As de slopershammer tiisdeitemoarn yn it âlde suvelfabryk fan Aldegea (Smellingerlân) slein wurdt, giet der in stik doarpshistoarje ferlern. Yn 1900 waard it fabryk oprjochte troch in hûs mei grûn oan te keapjen troch in bestjoer dat foarme waard troch fiif Aldegeasters. Yn 1965 wie it fabryk foar it lêst yn bedriuw. Dêrnei waard it kocht troch de grifformearde tsjerke yn Aldegea.
Ald-kroechbaas Wietse Welling hat altiten by it fabryk wenne en skreau in boekje oer de skiednis fan suvelfabryk 'de Hoop' dy't letter 'It Miensker' waard, it gebou fan de grifformearde tsjerke. Neffens Welling hat direkteur Hofstra hiel wichtich west foar it suvelfabryk. "Dat wie in baas direkteur. De boeren hiene in hekel oan him, mar dat is dan mar sa. De man hie it merakels goed foarinoar". 'De Hoop' joech altyd in goede priis foar de molke. "Hast de heechste priis fan Fryslân, allinne Aldeboarn joech mear".
Boerenleenbank
It molkjild waard ien kear yn 'e fjirtjin dagen útbetelle oan de boer. De boer krige dan in slúfke mei kontant jild. It barde regelmjittich dat it slúfke gewoan tusken it lid en de bus stutsen waard. De molkbus stie méi dat jild, dan in hiele dei oan de dyk. Yn 1962 besleat direkteur Hofstra dat it molkjild tenei útbetelle wurde soe troch de Boerenleenbank. Net alle boeren wiene dêr bliid mei.
1965 wie it lêste jier dat 'de Hoop' yn bedriuw wie. Mei trochdat direkteur Hofstra derút rekke mei sykte, gie de koöperaasje in fúzje oan mei 'de Eendracht' fan de Pein. De grifformearde tsjerke yn Aldegea kocht it gebou om dêr har aktiviteiten yn te organisearjen.
Opfallend is dat der gjin piip by it fabryk stiet. Welling fertelt dat de grifformearde tsjerke dy't it gebou kocht hie, it ûnderhâld oan de piip te djoer fûn. Doe't de piip delhelle waard, moast syn mem - dy't doe de kroech runde - út har hûs wei omdat de piip op har hûs falle koe. Dat barde net: de piip foel presys op it plak dêr't er ek falle moast.
Grifformearde tsjerke
De grifformearde tsjerke hat in soad gebrûk makke fan it gebou. Der wiene allegearre sealen en sealtsjes en der wiene in soad aktiviteiten. Doe't de tsjerke in oar gebou oankocht foar har aktiviteiten, kamen der ferskate bedriuwslieders yn mar it slagge net om it mânske gebou winstjouwend te meitsjen. Uteinlik kaam it yn hannen fan in projektûntwikkeler dy't der wenningen yn realisearje soe, mar mei de krisis om 2008 hinne giene dy plannen yn it jiskefet en rekke it gebou slim fertutearze.
Twa jier lyn hat de gemeente Smellingerlân it kocht. Der is in wurkgroep foarme en dizze wurkgroep hat mei de gemeente alle opsjes op in rychje setten. De útkomst wie dat it gebou sloopt wurdt.
Yn it radioprogramma Buro de Vries is snein 4 oktober in reportaazje te hearren oer it âlde suvelfabryk fan Aldegea (Sm.).