Omrin-direkteur John Vernooij: "Groningen is een hele mooie klant voor ons"

03 okt 2020 - 09:11

Alle smoargens fan Grins komt meikoarten mooglik nei Fryslân. It gemeentebestjoer fan de stêd hat besletten dat se graach oandielhâlder wurde wolle fan de Fryske ôffalferwurker Omrin. De gemeenteried moat der noch oer te set, mar de kâns liket grut dat it barren giet.

Offalwein - Foto: Omrin

Grins hat goed ien miljoen euro foar de oandielen oer en it betsjut in soad ekstra ôffal foar Omrin. "Voor ons is het een hele mooi stap. Onze ambitie is om een Noord-Nederlands bedrijf te worden", seit algemien direkteur John Vernooij fan Omrin. "Groningse aandeelhouders dragen daar zeker aan bij. Dat is een hele mooie klant voor ons."

80.000 ton ôffal

De gemeente Grins hat in gearwurkingsferbân mei de gemeenten Het Hogeland en Westerkwartier. Sy hawwe no in kontrakt mei ôffalferwurker Attero, dat op 1 jannewaris 2022 ôfrint. It ôffal fan de trije gemeenten wurdt aanst dan near mear ferwurke oan de Duinkerkenstraat yn Grins, mar yn Aldehaske. Vernooij: "Alles bij elkaar gaat het dan om 70.000 à 80.000 ton aan afval. Dat is echt heel veel."

Fan alle 18 Fryske gemeenten by elkoar krijt Omrin 110.000 ton oan ôffal. "Dat is bijna evenveel. Voor ons is dat een kans om nog meer grondstoffen te kunnen verwerken en recyclen." It gemeentebestjoer fan Grins ferwachtet dat it ferwurkjen fan har ôffal troch Omrin jierliks ien miljoen euro goedkeaper útfalt. Vernooij: "Groningen en Fryslân sluiten goed aan in hun visie op circulaire economie."

Ynstallaasjes oanpast

Der wurde foar dizze gearwurking neffens Vernooij gjin nije ferwurkingsynstallaasjes by boud. Ek wurdt der, boppe-op de 40 à 50 nije personielsleden dy't Omrin elts jier al oannimt, net ekstra personiel oannaam. De ôffalferwurker hat de ôfrûne jierren al wol har ynstallaasjes sa oanpast dat dy mear ôffal ferwurkje kinne. "Er komt ook steeds meer capaciteit, ook voor andere gemeenten."

De Grinslanner gemeenten Appingedam, Westerwolde en Delfzijl ha al oandielen yn Omrin, krekt as tolve oare net-Fryske gemeenten. "Er staan misschien nog wel meer aan te komen. Het bedrijf Omrin heeft de wind behoorlijk in de zeilen", beslút Vernooij.

John Vernooij fan Omrin

(Advertinsje)
(Advertinsje)