Kollum: "Leafde op de White Ciffs of Dover"

"Stadich kleurje de beammen harren yn de hjerstkreaasjes. De tiid dat der wer modder op de dyk leit omdat der earpels en mais fan it lân helle wurdt. As je op de A7 rjochting Grins ride, sjogge je de grutte trailers mei sûkerbiten, it tafriel dat de kommende moannen sa trochgean sil.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Normaal sprutsen soenen der hjir en dêr keallekeurings wêze, mar in rûntsje op ynternet leart dat dy hast allegearre net trochgien binne. Dizze wike seach ik, fansels op de BBC, in prachtich programma oer in lânboushow. It hie wol wat fan de Jouster Merke, mar dan in kear as wat grutter. It wie in opname fan in jier lyn, want sa as jim witte leit it libben yn Ingelân ek foar in grut part oan it spit fan de regels dy't de oerheid betinkt om de pandemy net fierder eskalearje te litten. Nimmen wurdt der fleurich fan, mar wat moat dat moat.
Ha jim wolris Dexter-kij sjoen? Och, dy binne sa moai. Net fan dy grutte, meagere gebouwen sa as de Holstein Friesians, mar se lykje wol wat op de Fryske readbûnten. Dexter-kij binne in bytsje grutter as in knappe Sint Bernard-hûn en dêrom tige geskikt as hobby. Spitigernôch binne der stadichoan safolle regels en wetten dat de hobbyboeren foar in grut part út it Fryske lânskip ferdwûn binne.
Jo wolle by jo hobby net algeduerigen yn de papierbrut omheisterje, sa giet it my teminsten. It ferdwinen fan de lytsskalige hobby is jammer, krekt de hobbyboeren kinne foar mear ferskaat yn biodiversiteit soargje, omdat dy net om de safolle jierren de greiden omploegje. Dexter kij, mar ek de Fryske readbûnten, ha baat ha by krûdryk gerslân. Dêrmei feroardielje ik de oare boeren net, lit dat helder wêze.
Yn it programma op de BBC folgen se de tariedings fan twa dielnimmers oan de keuring fan harren Dexters. De iene wie in feedokter dy't in jier as seis lyn mei syn hobby begûn wie. De oare wie in widdofrou fan 81 jier. Se buorket op de wrâldferneamde White Cliffs of Dover. Dêr frette har 100 Dexterkij blomryk gers en se dogge it der prima op.
De boerinne wie as jonge frou mei har man út de stêd ferhûze om harren dream wier te meitsjen. In buorkerij, dêr't se ek fleis fan eigen fee ferkeapje. Se sei: 'Ik wol witte wat ik yt, dus fleis keapje doch ik net mear. Dizze bisten ha it goed hân, dêr ha ik sels by west.' Neidat har man ferstoar, wie der gjin gebrek oan helpende hannen op de pleats. Op in dei kaam der in jonge oanrinnen dy't frege oft der ek in baantsje foar him wie. De boerinne naam him oan. De jongbaas stie yn it doarp bekend as in rotsekje. Ien dy't net doge woe. In lytse krimineel mei in min takomstperspektyf.
Mar wûnder: op de pleats fûn er syn plak. Hy naam de leafde foar de Dexters oer en wie yn it programma drok dwaande om de moaiste eksimplaren te preparearjen foar de show. Mei hierlak, sjampo, in föhn, in kaam, in boarstel en in skjirre. 'Ik wol in goed figuer slaan foar de boerinne en de saak net ferknoeie. Ik ha eins alles oan har te tankjen,' sei er. Hy wie al sa senuweftich as it mar kin, mar helle mei de ko dy't hy foarbrocht in kreas twadde plak. Doe't er de blauwe rozet oan de âlde boerinne joech, krige ik even pikefel. 'Do hast it goed dien, jonge,' sei se. Der barre sels yn dizze nuvere tiid noch hiele moaie dingen. As je se mar sjen wolle."