Coronanijs fan 3 oktober: Longôfdieling MCL yn karantêne; 70 nije besmettings yn Fryslân

03 okt 2020 - 22:06
  • Sneon binne der 70 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân;
  • De start fan de Vuurtorentrail op It Amelân is sneontemoarn rêstich ferrûn;
  • Op Bennema State en Abbingahiem binne meiwurkers en bewenners posityf test;
  • De longôfdieling fan sikehûs MCL is yn karantêne;
  • Ofrûne etmiel binne der hast 4.000 coronabesmettings meld;
22:03
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan sneon 3 oktober. Snein is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

19:39
Popsjoernalist Harry de Jong soe jûn it poadium op mei nije foarstelling

It moast in grut feest fan werkenning wurde. De teätertoer De Duivel Ligt Altijd Op De Loer, wêryn popsjoernalist Harry de Jong op it poadium bystien wurdt troch Willem de Vries en Ivo Poelsma. Sneontejûn soe de try-out wêze yn poppoadium Iduna yn Drachten, mar fanwegen de maatregels rûnom it coronafirus kin dat net trochgean.

17:16
Ek by hockeyklup MHCL yn Ljouwert gjin publyk by de wedstriden sneon
14:39
70 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne der hjoed 70 nije besmettingen fêststeld. Freed wiene dat der noch 99. Ek waard 1 nije stjergefal melden. De measte gefallen komme út Ljouwert, dêr binne it der 24. Skiermûntseach en Flylân binne de iennichste gemeenten yn ús provinsje dêr't gjin nije gefallen fan it coronafirus fûn binne.

14:26
Ofrûne etmiel hast 4.000 coronabesmettings meld

Tusken freedtemoarn en sneontemoarn binne 3.972 nije coronabesmettings meld. Dat is wer in deirekôr. Tusken tongersdei en freed hie it RIVM 3.831 meldings fan positive tests krigen. Dat getal wie sneon bysteld nei 3.829. Yn de ôfrûne sân dagen binne der mear as 23.000 besmettings meld.

It oantal stjergefallen rûn op nei 21. Dat wol net sizze dat al dizze minsken yn de ôfrûne 24 oeren ferstoarn binne. Sokke ynformaasje wurdt somtiden mei wat fertraging trochjûn. Tusken tongersdeitejûn en freedtemoarn wiene njoggen stjergefallen meld.

14:09
Oantal coronapasjinten yn sikehûs nimt ta

It oantal coronapasjinten dat yn de Nederlânske sikehûzen leit, bliuwt tanimmen. Op sneon behannelen sikehûzen 741 minsken fanwegen besmetting mei it coronafirus. Dat is it heechste oantal sûnt maaie, docht bliken út sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).

Ferpleechôfdielings behannelje op it stuit 585 minsken mei coronafirus. Dat binne der tolve mear as op freed. It oantal coronapasjinten op de IC's naam licht ôf, fan 160 nei 156.

Ofrûne etmiel binne sân coronapasjinten oerbrocht nei in ferpleechôfdieling yn de Rânestêd nei in oar part fan it lân. Dat moat oerbelêsting fan de sikehûzen foarkomme.

Oardel wike lyn waard de sprieding fan coronapasjinten opnij oppakt. Sûnt dy tiid binne al mear as hûndert minsken ferpleatst nei oare sikehûzen.

11:16
Fernielings by Vuurtorentrail

In part fan it parkoers fan hurdrinwedstriid Vuurtorentrail, dy't fan it wykein hâlden wurdt op It Amelân, is fernield. Op sa'n 500 meter fan de rûte binne ôfsettings en buordsjes fuorthelle. Wa't dat dien hat, is net dúdlik, mar mooglik hat it te krijen mei de konsternaasje dy't ôfrûne wike ûntstie doe't de gemeente bekend makke dat de wedstriid 'gewoan' trochgie yn coronatiid.

De organisaasje fan Vuurtorentrail wol de link mei de opskuor oer it net skrassen fan de wedstriid yn coronatiid net lizze.

11:01
Ferplicht mûlkapke yn Elfstedenhal

Fan hjoed ôf is it foar besikers fan 13 jier en âlder fan de Elfstedenhal yn Ljouwert ferplicht om in mûlkakpe te dragen. Dat hat de reedrydbaan freedtejûn bekend makke.

By it sporten hoecht it mûlkakpe net op, mar neist de baan op. Minsken dy't harren mûlkakpe fergetten binne, kinne yn de Elfstedenhal ek ien keapje.

10:51
Longôfdieling MCL yn karantêne

It MCL yn Ljouwert pleatst syn longôfdieling ien oant twa wiken yn karantêne om't meardere meiwurkers besmet binne mei it coronafirus ."De laatste stand van zaken is dat vier medewerkers positief zijn getest op het coronavirus", seit Frits Mostert, wurdfierder fan it MCL.

De meiwurkers en harren neisten sitte thús yn karantêne. Alle pasjinten op de ôfdieling binne test, mar dêr kamen gjin nije positive tests út. Dochs is ferpleechôfdieling K, ûnderdiel fan Longgenêskunde, út foarsoarch yn karantêne pleatst. Alle pasjinten en meiwurkers fan de ôfdieling binne dêroer ynformearre.

9:55
Oantal coronabesmettings op It Amelân ferdûbele

GGD Fryslân hat fjouwer nije coronabesmettings fêststeld op It Amelân. Dat hat boargemaster Leo Pieter Stoel sneontemoarn bekend makke. It oantal coronabesmettings op it Waadeilân is dêrmei ferdûbele: fan 4 nei 8.

Boargemaster stoel winsket de besmette persoanen in soad betterskip ta. Hy wiist lykwols mei klam op it belang fan it hâlden oan de coronamaatregels. "Ik wil mensen met nadruk oproepen zich aan de regels te houden om verdere verspreiding op het eiland te voorkomen."

8:47
Ministearje: 125.000 tests yn 'e wike beskikber

Fan kommende wike ôf binne der eltse wike 395.000 coronatests beskikber, 125.000 mear as ôfrûne wike. Dat seit in wurdfierder fan it ministearje fan Folkssûnens. "De verwachting is dat we in oktober hiermee voldoen aan de vraag. Het ziet er goed uit."

Dêrmei is it tekoart oan testkapasiteit noch net ferholpen, seit hy mei klam. "Daarvoor is meer nodig, omdat de GGD's dat vele testen ook aan moeten kunnen. Maar we huren ook steeds meer onderzoekscapaciteit in." De kommende wiken wurket it ministearje oan fierdere útwreiding fan it oantal beskikbere tests. Oan de ein fan de moanne moatte der eltse dei sa'n 70.000 tests foarhannen wêze, neffens de wurdfierder.

Nederlân kampt sûnt al langer mei in tekoart oan testkapasiteit. It is net mooglik om tests ôf te nimmen by eltsenien dy't him teste litte wol. De Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd sei freed dat "een sterkere regie" de tekoarten ferlytsje kin, sadat der mear romte is om te testen. Nije manieren om te testen kinne dêrby helpe, mar dy moatte wol soarchfâldich talitten wurde.

7:50
RIVM: 'Twadde weach út Spanje en Súd-Frankryk oerkaam nei Nederlân'

De twadde coronaweach yn Nederlân is mei alle gedachten út Spanje en Súd-Frankryk oerkaam nei Nederlân. Dat seit RIVM-direkteur Jaap van Dissel yn in ynterview tsjin de NOS. Neffens him is de twadde weach goed te ferlykjen mei de earste.

De earste weach yn maart waard wierskynlik feroarsake troch minsken dy't út Noard-Italië en Eastenryk werom kamen fan skifakânsje, en nei it karnaval yn it suden fan Nederlân it firus oer de rest fan it lân fersprieden. By de twadde weach giet it benammen om jongeren dy't it firus meibrochten, nei in fakânsje yn Súd-Frankryk en Spanje en it dêrnei fia feesten en studintehûzen fierder fersprieden.

Fia de jongerein rûnen âlderen it coronafirus ek op, wêrnei't dy it wer op harren wurk trochjoegen. En fia famylje is it úteinlik wer yn ferpleechhûzen telâne kaam, konkludearret it RIVM.

7:35
Nei healjier mar 5 persint coronapasjinten klachtefrij

Hast alle coronapasjinten (95 persint) hawwe in healjier nei harren besmetting noch sûnensklachten. Mear as de helte (55 persint) hat seis of mear klachten en goed 90 persint seit noch lêst te hawwen fan mear as ien symptoom. Dat konkludearren it Longfûns, kennis- en ekspertizesintrum Ciro en de Universiteiten Maastricht en Hasselt op basis fan in ûndersyk ûnder goed tûzen coronapasjinten.

Koartamich

It grutste part (86 persint) fan de minsken dy't meiwurken oan it ûndersyk jout 165 dagen nei de earste symptomen oan noch hieltyd wurch te wêzen. Hast seis op de tsien (59 persint) is noch koartamich. 36 persint hat noch hieltyd lêst fan druk op it boarst en 35 persint hat pine yn 'e holle Opfallend is dat it persintaazje minsken dat oanjout spierpine te hawwen (40 persint) licht tanaam is.

It mearendiel fan de respondinten (94 persint) hat net yn it sikehûs lein fanwegen corona. Sy hiene mylde klachten. It giet om relatyf jonge pasjinten: de gemiddelde leftyd is 48 jier. Fierwei de grutste groep (86 persint) seit dat syn sûnens foar de corona-ynfeksje goed wie. Seis op de tsien (61 persint) hie dêrfoar gjin ûnderlizzende sykte.

7:00
Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan sneon 3 oktober. Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân. Hjir kinst it liveblog fan freed 2 oktober weromfine.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)