Omkearde wrâld: Libertas ferliest mei 2-1, Drachtster Boys winne mei 1-2

Twa Fryske sealfuotbalklups moasten freedtejûn oan de bak yn de earedifyzje fan de sealfuotbalfroulju: Drachtster Boys en Libertas. De wedstriden foelen foar beide ploegen krekt de oare kant op. Libertas ferlear mei 2-1 fan Team Alkmaar en Drachtster Boys wûn mei 1-2 fan Feyenoord Futsal.
Libertas-Alkmaar 1-2
De sealfuotbalfroulju fan Libertas út Damwâld spylje dit seizoen foar it earst yn de earedifyzje. Opmerklik, want it team bestiet pas sûnt ferline jier. Fia promoasje komme se no út op it heechste nivo, en it begjin is ferrassend sterk. De earste twa duels waarden beide wûn. Freed kaam koprinner Team Alkmaar op besite yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld, sûnder publyk. Ynset wie de kopposysje yn de earedifyzje.
De sealfuotbalfroulju fan Libertas yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Yn de earste helte wurdt lykwols dúdlik dat Alkmaar fierwei de sterkste is. Dochs witte de froulju fan Libertas de stân op 0-0 te hâlden oant it skoft. Nei de rêst krijt Sam Bosma fan Libertas in earste kâns, mar noch net in goal.

Libertas stadichoan better

Dat slagget Amy Visser fan de tsjinpartij wol: sy set Team Alkmaar terjochte op in 1-0 foarsprong. Libertas krijt wol in penalty, mar Esther Dekker mist dizze. It jout lykwols wol oan dat der feroaring yn de wedstriid komt, Libertas wurdt better. Sam Bosma krijt op 'e nij in grutte kâns, mar it is Marije Procee dy't de 1-1 makket.
Libertas set in geweldige oanfal op, mar it skot fan Esther Dekker giet oer. Team Alkmaar slacht dêrnei hurd werom mei in goal fan Lotte Hopma. En dan begjint de tiid ek mei te spyljen, mei noch minder as fjouwer minuten op de klok. Keepster Joukje van der Meer wurdt noch wiksele foar in ekstra fjildspylster, mar dat mei net mear helpe. Libertas ferliest mei 2-1 fan Team Alkmaar, mar wol yn in moai spul.

Drachtster Boys wint mei 1-2

It duel set útein mei twa kânsen foar beide teams. Mariël Miedema krijt in frije traap en Oliveira op de hannen fan de keepster fan Drachtster Boys Anna Reitsma. De earste goal kaam lykwols fan Rianne Mulder, links heech yn de krusing. Dochs kin Oliveira wol de lykmakker meitsje. Nei bot sykjen fynt sy nei in frije traap dochs in gatsje foar in skot. Mei 1-1 geane de froulju fan Drachten de rêst yn.
Nei it skoft kin Jessie Prijs in skerp skot op de goal meitsje, mar de keepster fan Feyenoord Futsal reagearret alert. De Drachtster froulju geane fol yn de oanfal, mar echt in gefaar foar de tsjinpartij smite se net op.
Lisanne Kempe kin foar Drachtster Boys de 1-2 meitsje, sy komt út it midden en sjit de bal binnen. Dat is tagelyk de útslach, de froulju fan Drachten nimme de folle trije punten werom.
De Earedivyzje sealfuotbalfroulju bestiet út 12 teams. Twa Fryske ploegen spylje op it heechste nivo: Drachtster Boys en Libertas.
Oant 23 april komme de froulju 22 kear yn aksje yn de kompetysje. Dêrnei folgje de play-offs om de lânstitel.