Spiler Harkemase Boys hat corona, wedstriid fan sneon skrast

De kompetysjewedstriid fan Harkemase Boys tsjin Barendrecht giet sneon net troch. In spiler yn de seleksje fan de Harkiten is posityf test op it coronafirus.
© Orange Pictures
Om't dy spiler yn kontakt west hat mei oare spilers, moatte dy yn karantêne. Yn oerlis mei de KNVB is besletten dat de Harkiten net ôf hoege te reizgjen nei Súd-Hollân.

Twadde wike op rige

It is al de twadde wike op rige dat in kompetysjewedstriid fan Harkemase Boys net trochgiet. In wike lyn gong de thúswedstriid tsjin ODIN'59 net troch. Doe wiene der coronagefallen yn de seleksje fan de tsjinstanner.