Tsien man Hearrenfean hâlde Utrecht op lykspul: 1-1

Sportclub Hearrenfean hat freedtejûn lykspile tsjin FC Utrecht. Yn De Galgenwaard waard it 1-1. Hearrenfean kaam tsien minuten foar tiid mei tsien man te stean doe't ynfaller Rein Smit syn twadde giele kaart krige.
© Orange Pictures
Nei fjouwer minuten wie it al raak. Rodney Kongolo stjoerde Henk Veerman de djipte yn. De spits wie de Utrecht-ferdigening te rap ôf en skeat. Doelman Paes koe noch wol in hân tsjin de bal krije, mar dat wie net genôch: 0-1. Goed twa minuten letter krige Mitchell van Bergen in kâns op de 0-2, mar syn skot rekke de latte.
De bal wie foaral foar Utrecht, wat nei in kertier spyljen ek in grutte kâns opsmiet. Mimoun Mahi krige de bal op in pear meter fan it doel. Hy krige alle romte, mar skeat de bal tsjin doelman Erwin Mulder oan.
Hearrenfean kaam der noch in pear kear gefaarlik út, mar ta in doelpunt late dat net mear. Dat slagge Utrecht wol. Gyrano Kerk krige op 'e râne fan it strafskopgebiet de romte om te sjitten, en pleatste de bal hurd yn de fiere hoeke.

Soad kânsen foar Utrecht

Hearrenfean socht fuort nei it skoft wat mear de oanfal en krige al gau in grutte kâns mei in skot fan Joey Veerman, mar hy skeat krekt oer it doel. Fuort dêrnei waard Utrecht gefaarlik troch kânsen fan Kerk en Gustafson, mar dy waarden troch de Fryske ferdigening blokkearre.
De thúsploech naam it inisjatyf hieltyd mear oer en waard sa no en dan ek gefaarlik, mar it koe Mulder it net hiel lestich meitsje. Wol moast Lucas Woudenberg in bal krekt foar de line fuorthelje.

Blessueren en in man minder

Dêr't Hearrenfean yn de earste helte noch geregeld yn de oanfal koe, koe it yn it lêste healoere net faak mear op de helte fan Utrecht te kommen. Dat kaam foar in part ek troch it útfallen fan Henk Veerman, dy't yn de 60e minút blessearre rekke. Rein Smit kaam foar him yn de ploech. In pear minuten letter makke Ulyssez Llanez syn debút.
Foar Smit duorre de wedstriid net lang. Yn de 77e minút krige hy giel foar in oertrêding op Kerk, en yn de 83e minút mocht er dûse nei't er opnij giel krige. Mei tsien man besocht Hearrenfean noch wol der út te kommen, mar hie oanfallend net folle mear yn te bringen. Wol stiene de Friezen goed te ferdigenjen, dus ek Utrecht kaam net mear ta in doelpunt: 1-1.
FC Utrecht - SC Hearrenfean 1-1: 4. Henk Veerman 0-1, 44. Gyrano Kerk 1-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Woudenberg, Van Hecke, Bochniewicz, Floranus; Kongolo, J. Veerman, Batista Meier (73. Dresevic); Van der Heide (67. Llanez), H. Veerman (60. Smit), Van Bergen.