Froulju SC Hearrenfean ferlieze mei 3-1 fan ADO Den Haag

It wie in wedstriid mei hoarten en stjitten, it slagge de froulju fan SC Hearrenfean net om freed te winnen fan ADO Den Haag. Yn it Cars Jeans Stadion spilen de fuotbalfroulju de tredde kompetysjewedstriid, dy't se ferlearen mei 3-1.
Francisca Cardoso en Bo Vonk © Orange Pictures
Nettsjinsteande in moaie kâns foar Tiny Hoekstra, slagge it ADO Den Haag al nei fiif minuten om op in 1-0 foarsprong te kommen. It doelpunt waard makke troch Jaimy Ravensbergen. Mei in hurd skot koe sy keepster Okken foarby komme.
Hearrenfean krige in giele kaart nei in oertrêding op Rijsbergen. ADO mocht in frije traap nimme krekt bûten it sechtjinmetergebiet, mar de bal fan Nelemans gie krekt oer de goal hinne. In foarset fan Williënne ter Beek koe trochset wurde troch Fransisca Cardoso, mar it slagge net om Tiny Hoekstra te berikken yn de oanfal.

Lykmakker bleau mar efkes

Nei 40 minuten slagge it de froulju fan it Fean dochs om in goal te meitsjen. In aksje fan Ter Beek soarge foar in kâns foar Cardoso. De keepster fan Den Haag koe de bal earst tsjinhâlde, mar foarkaam dêrnei net dat de bal noch it doel yn rôle. De wille duorre lykwols mar koart, want krekt foar it skoft krige ADO Den Haag in penalty. Gwyneth Hendriks skeat raak yn de linker krusing en sette de ploech út Den Haag op 2-1.

Efterstân net ombûgd

Nei it skoft krige ADO Den Haag al de fjirde corner op rige, mar echt in kâns hat it net opsmiten. Hearrenfean die twa wiksels: Samanthe Dewey en Dana Philippo der út, Eef Kerkhof en Jasmijn Duppen kamen der yn. Letter waard ek noch Jamie Altelaar foar Alieke Tuin wiksele. Nadine Noordam koe Den Haag op 3-1 sette.
It slagge de froulju net om de efterstân om te bûgjen. Kirsten van de Westeringh krige noch in foarset fan Fransisca Cardoso, mar wer wie it de Haachske keepster dy't de bal út it net hâlde. It mocht net folle mear helpe, want ek yn de lêste minuten woe in goal meitsje net mear.
Opstelling SC Hearrenfean: Okken, R. van der Veen, Van Ginkel, Altelaar, Van de Ven, Hoekstra, Philippo, Dewey, Van de Westeringh, Ter Beek, Cardoso
Opstelling ADO Den Haag: Lorsheyd, Vonk, G. Hendriks, Nelemans, Raaijmakers, Ravensbergen, Noordam, Koster, Verspaget, Boshuizen, Rijsbergen