Ynstânsjes freegje provinsje jachtûntheffing om greidefûgels te beskermjen

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten, de Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging en lânbou-organisaasje LTO hawwe tongersdei de needklok let oer de greidefûgelstân. Sy hawwe deputearren Klaas Fokkinga en Douwe Hoogland besocht te oertsjûgjen dat der mear jacht komme moat om predaasje fan nêsten en pykjes foar te kommen.
Skries yn it boerlân © Omrop Fryslân
Neffens de organisaasjes is it rendemint fan it greidefûgelbehear negatyf. Alle positive effekten wurde gau wer de grûn yn trape troch dy presaasje. Neisoargers stappe eltse maitiid mei goeie moed it fjild yn, mar yn 2020 is der net in soad hope mear oer. Dêrom soe it provinsjebestjoer neffens de organisaasjes de 'romte yn de regels' fan de Wet Natuurbescherming opsykje moatte.

Untheffingen

Provinsjale Steaten kinne bygelyks frijstellingen jaan om op bepaalde bisten te jeien. Dan giet it wol in bisten dy't net yn harren bestean bedrige wurde. De Faunabeheer Eenheid soe graach in plan meitsje wolle. Jagers hawwe de kapasiteit om it presaasjebehear wer op oarder te krijen. Neffens Fokkinga en Hoogland is dat in goed idee. Oan harren binne mei de gearkomste de rapporten Cijfers Predatieverlies en Vermindering van predatiedruk bij weidevogels oerlange.