Undernimmers Bûtenpost freegje polityk om nij sintrumplan te stypjen

02 okt 2020 - 19:09

Undernimmend Bûtenpost docht in driuwend berop op de gemeenteried fan Achtkarspelen om de sintrumfisy foar it doarp te stypjen. It pleatslik belang fan Bûtenpost hat de brief oan de polityk ek ûndertekene.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn de brief ropt in grut tal ûndernimmers út it winkelsintrum, de Business Club Buitenpost (BCB), en pleatslik belang de fraksjes op om efter de ideeën te stean foar mear libbenens en fitaliteit. Se sizze dat Bûtenpost mear as genôch potinsje hat foar in goede basis fan winkelfoarsjenningen, sjoen it tal ynwenners en goede ferbiningen. "Maar voor verbetering is dringend actie nodig", sizze se.

Der wie in grutte ferdieldheid by de partijen by de lêste riedsgearkomste, heal septimber. Der hie doe in beslút falle moatten oer de sintrumfisy, mar omdat de tinkrjochtingen sa fier útelkoar leine, is dat trochskood nei de earstkommende gearkomste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)