Stâl Boppeslach set hynder yn foar it goeie doel

It wie it debút foar Fado de Padd. Freed kaam dit hynder foar it earst út op it Victoriapark Wolvegea út namme fan it kollektyf Stâl Boppeslach. Net samar, mar foar it goeie doel. Mei in twadde plak is der sa 1.100 euro prizejild byinoar brocht foar Stichting Dol Fijn.
© Stâl Boppeslach
Stâl Boppeslach is in gearwurking fan bedriuwen en partikulieren, dy't fan doel is hynders drave te litten om sa jild op it tafelkleed te krijen foar goeie doelen. Stichting Dol Fijn is in organisaasje dy't sport foar minsken mei in beheining mooglik makket. Yn 2020 giet it jild nei dizze stichting.
Fado de Padd is in Frânske draver fan fiif jier. Trainer Aonne de Wrede hat de ôfrûne sân moannen drok dwaande west om him ta te rieden, tegearre mei de 25-jierrige Vera Akkerman fan Oerterp. Der is noch in hynder dat klearstoomd wurdt foar wedstriden, mar dat hynder makket letter noch in debút.
Marthijs Roorda