Man fan Koatstertille feroardiele foar mishanneling mei biezemstôk

In 66-jierrige man fan Koatstertille is freed feroardiele foar it mishanneljen fan twa Rotterdammers mei in biezemstôk. De man hat in wurkstraf fan 180 oeren oplein krigen en moat 750 euro smertejild betelje, plus in claim fan 6.000 euro foar ien fan de slachtoffers.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It ynsidint barde op 31 maaie by in bedriuw yn Koatstertille. De twa Rotterdammers woene in boat keapje en hiene al in oanbetelling dien. Mar by it bedriuw sels foel de boat bot ôf en woene se fan de keap ôfsjen. Sy woene de oanbetelling fan 500 euro werom, mar de man fan Koatstertille waard lilk en begûn mei de biezemstôk te slaan.