Seis bewenners en trije meiwurkers Bennema State yn Hurdegaryp ha corona

Op twa lokaasjes fan soarchsintrum Noorderbreedte binne nije coronabesmettingen fêststeld. It giet om trije meiwurkers en seis bewenners fan Bennema State yn Hurdegaryp en ien meiwurker en ien bewenner fan Abbingahiem yn Ljouwert.
Bennema State yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
It coronafirus waard ferline wike foar it earst fêststeld by in meiwurker fan Bennema State. Dêrnei binne trije oare meiwurkers ek posityf test. Alle bewenners mei wa't sy yn direkt kontakt west ha, binne dêrnei test. Seis fan harren ha it firus ek.
Al nei't de meiwurkers posityf testen, hat Bennema State maatregels naam om fierdere fersprieding foar te kommen. De ôfdielingen binne isolearre fan de oare bewenners. Dêrnjonken wurdt ekstra goed let op klachten by bewenners. In tal oare bewenners mei klachten is ek al test. De útslach dêrfan is noch net binnen.
Al nei't de meiwurkers posityf testen, hat Bennema State maatregels naam om fierdere fersprieding foar te kommen. De ôfdielingen binne isolearre fan de oare bewenners. Dêrnjonken wurdt ekstra goed let op klachten by bewenners. In tal oare bewenners mei klachten is ek al test. De útslach dêrfan is noch net binnen.

Foarearst gjin besite

Bewenners fan alle groepswenningen binnen Bennema State kinne tydlik gjin besite krije. Noorderbreedte seit te begripen dat dat hiel dreech is, mar dat se sa hoopje foar te kommen dat de hiele lokaasje ticht moat. Der wurdt sjoen nei alternative wizen fan kommunikaasje. Yn oerlis mei de GGD wurdt besjoen wannear't besite wer mooglik is.

Ien meiwurker en ien bewenner fan Abbingahiem

Binnen wensoarchsintrum Abbingahiem binne ien meiwurker en ien bewenner besmet rekke mei it firus. Ien ôfdieling is dêrnei fuortendaliks yn karantêne gien. Oare bewenners binne previntyf test, sy blike it firus net te hawwen.
Sûnt ôfrûne moandei drage frijwilligers en meiwurkers fan Noorderbreedte ferplicht in medysk mûlkapke. Besikers en leveransiers wurde frege om in net-medysk mûlkapke op te dwaan. De besmettingen dy't no fêststeld binne, komme nei alle gedachten fan foar dy perioade.