Gebouwen yn Seisbierrum en Snits ticht om himpkwekerijen

02 okt 2020 - 17:50

Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke hat freed in hûs yn Seisbierrum slute litten, om't der in himpkwekerij fûn is. Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat yn Snits itselde dien.

Foto: Pixabay

De plysje hie in anonime tip krigen oer dat yn it gebou yn Seisbierrum wolris in himpkwekerij sitte koe. Op basis dêrfan hat de plysje op 12 maaie it hûs trochsocht. Dêrby fûn it in himpkwekerij mei 44 planten en 946 gram drûge himptoppen.

De bewenner fan it gebou wie it der net mei iens dat it gebou ticht moast, mar fan de rjochter hat Waanders it rjocht om dat te dwaan. It gebou moat seis moannen op slot.

222 planten yn Snits

Ek yn Snits hie de plysje anonime meldingen krigen oer it gebou oan de Frederik Hendrikstraat. Dêr fûn de plysje in himpkwekerij mei 222 planten. It gebou yn Snits moat trije moannen ticht bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)