Smoargens fan Grins tenei nei Fryslân

02 okt 2020 - 17:29

Offalferwurker Omrin ferwurket oer in pear jier mooglik de smoargens út de gemeente Grins. It gemeentebestjoer wol oandielhâlder wurde fan Omrin en hat dêr goed ien miljoen euro foar oer.

Offal yn Grins - Foto: ANP

Neffens boargemaster en wethâlders fan Grins kin de gemeente flink op de kosten besparje as de smoargens nei Fryslân giet. Der binne al wat gemeenten yn Grinslân dy't oandielen ha yn Omrin.

De Grinslanner gemeenten Appingedam, Westerwolde en Delfzijl ha al oandielen yn Omrin, krekt as tolve oare net-Fryske gemeenten. Yn Fryslân ha alle achttjin gemeenten oandielen yn it bedriuw.

Trefwurden: 
Omrin Grins ôffal
(Advertinsje)
(Advertinsje)