De Koornbeurs wiis mei frijstelling: "Programmearring kin trochgean"

02 okt 2020 - 17:27

By teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer binne se der mar wat wiis mei dat se in frijstelling krigen hawwe. Lykas in tal oare kulturele ynstellingen hoege se gjin rekken te hâlden mei in maksimum fan 30 persoanen de romte.

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Direkteur Titia Huisman is der wiis mei. "It wie hartstikke spannend, wy woene wol iepen bliuwe. Ek al soe it mar foar 30 persoanen wêze, dan soene we ús programma oars ynrjochtsje. Dan soene we mar wat betinke moatte om iepen te bliuwen en dochs it kontakt te hâlden mei it publyk. Mar ik bin der wiis mei dat de programmearring sa't it der no stiet wol trochgean kin."

Mûlkapkes

It advys om in mûlkapke op te dwaan jildt ek foar yn teäters, mar ferplichtsje kin De Koornbeurs it net. "Us meiwurkers hiene al mûlkapkes op, sy wiene it al wend. Foar it publyk dat komt is it gjin ferplichting, mar wy biede se wol oan. As minsken deryn komme, stiet der in ûntsmettingspylder en biede ús meiwurkers mûlkapkes oan," seit Huisman.

Foar de minsken op it toaniel jilde wol oare regels. "Akteurs meie gewoan spylje, sûnder mûlkapke. Dat kin ek net goed mei mûlkapkes op. De ôfstân mei it publyk is foldwaande."

Dreech earste jier

Huisman is pas sûnt jannewaris direkteur fan De Koornbeurs. Net in moai earste jier. "It is in behoarlike achtbaan. Wy binne ein septimber begûn mei de iepening fan it seizoen. No hawwe we yn it wykein meardere foarstellingen makke. Dan tinke je: hjir giet it dus om, hjir dogge we it foar. Dat is geweldich. As wy datjinge dwaan kinne dêr't we foar binne, is it leuk. Fierder bliuwt it gewoan it paad sykjen."

Direkteur Titia Huisman fan De Koornbeurs

(Advertinsje)
(Advertinsje)