Rede fan Fryslân fan minister Schouten fanwege corona digitaal te sjen

De Rede fan Fryslân is dit jier online, dat makke de provinsje Fryslân bekend. Minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit sprekt op 8 oktober de Friezen ta fia in fideoferbining. De Rede fan Fryslân is ek by Omrop Fryslân op telefyzje en online te folgjen fan 15.30 oere ôf.
Minister Carola Schouten © ANP
De Rede fan Fryslân wurdt alle jierren organisearre troch de provinsje en giet diskear oer de takomst fan de Fryske lânbou. Schouten sil oer in wike yn Den Haag de Rede útsprekke. Yn it Westcord WTC-Hotel yn Ljouwert is in lytse, coronaproof gearkomste. Dêr is allinne in beheind tal minsken by dat nûge is.
Op de gearkomste binne mear sprekkers. Foarsitter Hendrik Galema fan de Agrarische Jongeren Friesland (SJF) en foarsitter Trienke Elshof fan LTO-Noord hâlde beiden in kollum. Fierder binne der optredens fan klarinettiste Nynke Dijkstra en pianiste Welmoed Poelstra.

In spegel foarhâlde

De bedoeling fan de Rede fan Fryslân is dat in prominint persoan op útnûging fan kommissaris fan de Kening Arno Brok de Friezen in spegel foarhâldt. Eardere sprekkers wiene bygelyks Gerrit Hiemstra, Pieter Winsemius en Gerdi Verbeet.