IM easket jier sel foar fertochte fan ûntucht mei pakesizzers

02 okt 2020 - 16:58

It Iepenbier Ministearje easket in jier selstraf tsjin in 75-jierrige man út Warkum, fanwege ûntucht mei syn trije pakesizzers. Dy bern binne tusken de 3 en 5 jier âld. De man siet de ôfrûne fiif moannen yn foararrest.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Warkumer soe by ferskate gelegenheden en op ferskate wizen ûntuchtich gedrach fertoand hawwe mei syn trije pakesizzers. Ien fan de bern hat in sear detaillearre ferklearring ôflein. De pake soe har geslachtsdielen oanrekke ha. Neffens de fertochte bestiene de ferklearringen en ferhalen fan de pakesizzers foar it grutste part út leagens.

Neakene foar de ruten

It inisjatyf lei neffens de man, as der al wat bard wie, by de bern. Syn famylje en buorlju hawwe ferklearre dat hy faak neaken troch it hûs rint. Neffens de buorlju stiet er ek geregeld neaken foar de ruten en tikket dan op it rút om oandacht te lûken. In psycholooch hat konkludearre dat de Warkumer in autistyske steuring hat, hy kin him net goed ynlibje yn oaren en reagearret en redenearret neffens de psycholooch foaral fan himsels út.

Minder tarekkenber

De steuring makket him minder tarekkenber. It Iepenbier Ministearje easke freed in selstraf fan in jier plus in jier ûnder betingst en in behanneling. De rjochtbank docht op 16 oktober útspraak.

Trefwurden: 
rjochtbank Warkum ûntucht
(Advertinsje)
(Advertinsje)