VC Snits mei nije trainer op jacht nei prizen: "Heel anders dan de vorigen"

02 okt 2020 - 16:31

Motivearre, altyd fleurich en gewoan in hiele aardige trainer. Dat seit follybalster Anlène van der Meer oer de nije trainer fan VC Snits: Jeffrey Scharbaai. Hy stiet sûnt dizze simmer oan it roer by de Fryske earedifyzjeploech en dat befalt him oant no ta mar al te goed. "We zijn bij een mooie vereniging en we hebben een mooi team, dat hard werkt en graag wil. Dat ziet er goed uit. Het is hartstikke fijn om hier aan de slag te zijn."

Jeffrey Scharbaai oer it takom seizoen:

Jeffrey Scharbaai

Scharbaai kaam dizze simmer oer fan it frouljusteam Team Eurosped, dêr't hy de lêste jierren assistent-trainer wie. De Tukker kaam op foarspraak fan Henriëtte ter Steege, dy't oarspronklik ek út Twinte komt, nei Fryslân. Sy naam yn novimber it stokje oer fan Paul Oosterhof, dy't doe foar syn maatskiplike karriêre keas. Ter Steege is no de assistint fan Scharbaai.

Motorysk learen

In nije trainer betsjut ek nije metoaden. "De speelsters zullen ongetwijfeld zeggen dat ik anders train dan Henriëtte dat doet. Ik heb iets meer met motorisch leren. Dat probeer ik hier en daar toe te passen en dat is nog anders voor hen", seit Scharbaai.

Spylster Jasmijn Akse sjocht foaral op in oar gebiet in grut ferskil. "Hij is heel enthousiast en heel gedreven ook. Wel op zijn eigen manier. Hij is heel anders dan de vorige trainers. Met Henriëtte en Paul was het wel wat strenger, wat directer en wat meer punctueel. Jeffrey is wat losser en wat opener", seit Akse.

Dat is allegeare wat losser is befalt har goed. "Ik vind het heel fijn, want ik ben zelf ook wel een flierefluiter. Dat klikt heel goed. Met het assistentschap van Henriëtte erbij is de balans heel goed", seit Akse.

Jasmijn Akse oer har nije trainer en it nije seizoen:

Jasmijn Akse

Sneon set it seizoen fan de Snitsers lang om let útein. Dan stiet yn de Van der Kaaphal yn Ede de heale finale fan de Supercup op it programma. Sliedrecht Sport, dat de ôfrûne jierren de iene nei de oare priis pakte, is dan de tsjinstanner. "Kans heb je altijd. Maar het is natuurlijk wel een verschil. Hier werken we hele dagen en trainen we praktisch 's avonds. Daar is het organisatorisch, als je praat over topsport anders voor elkaar. Spelers krijgen daar meer tijd om te volleyballen en hebben andere randvoorwaarden dan hier", seit Scharbaai.

Druk

Neffens Anlène van der Meer kin dat lykwols ek in neidiel wêze foar Sliedrecht. "Sliedrecht kan nog iets van druk voelen en ik vind dat wij gewoon vrijuit kunnen spelen en ons best kunnen doen", seit Van der Meer.

Harren bêst dwaan sil net dreech wêze, want de motivaasje is neffens Van der Meer grut. "We kunnen een prijs pakken. De eerste van het jaar. En daarnaast kunnen we laten zien dat we echt wel niveau kunnen halen als VC Sneek zijnde. Dus ik denk dat het een heel belangrijk weekend is. We moeten gewoon heel vrijuit blijven spelen en dan halen we hopelijk gewoon het juiste niveau", seit se.

Anlène van der Meer oer har nije trainer en it nije seizoen:

Arlène van der Meer

De spylsters sille it de kommende wiken wol sûnder publyk dwaan moatte. "Dat is natuurlijk wel balen, maar het geeft ons ook wel weer de mogelijkheid om sowieso nog drie weken in de competitie te kunnen spelen", seit Van der Meer. Dochs fynt se it skande dat de fans der net by binne. "Kijk bijvoorbeeld naar de wedstrijd tegen Sliedrecht in 2019 in de play-offs, die wonnen we mede door het publiek dat achter ons stond. Dus het kan wel heel veel voordelen hebben."

"We moeten het nu zelf maar een beetje gaan creëren", seit Akse. "Want anders is er geen lawaai in de hal, dus het moet gaan leven."

Doelstelling

Oer de doelstelling foar it kommend seizoen is it trijetal it iens: de kampioenspoule. Dêrfoar moatte se dit jier yn de top fjouwer einigje, en net lykas yn de foarige jierren yn de top seis. "Dat is wel een hele kluif denk ik, maar gezien het team zouden we daar in ieder geval bij in de buurt moeten kunnen komen. Dus dat is hard werken, maar we gaan het zien", seit Scharbaai.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw wie by de training fan VC Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)