Sikehûzen yn Noard-Nederlân ha no 16 coronapasjinten fan bûten de regio

Sikehûzen yn Noard-Nederlân ha de ôfrûne wike yn totaal 26 coronapasjinten út de rest fan Nederlân oernaam. It giet benammen om pasjinten út it Westen fan Nederlân en in pear út it Suden. Op it stuit lizze der noch 16 fan bûten de regio yn de Noard-Nederlânske sikehûzen.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Alle dagen wurde fia it Landelijk Centrum Patiënten Spreiding bêden oanbean foar coronapasjinten út oare parten fan Nederlân. De sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte binne neffens it AZNN (Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland) goed taret op in eventuele taname fan it tal coronapasjinten. It AZNN makket net bekend yn hokker sikehûzen de pasjinten krekt lizze.
Op it stuit lizze der yn totaal santjin coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dan giet it om pasjinten út Fryslân, mar ek fan dêrbûten. Fan de santjin lizze der fiif op de intensive care.
Oersjoch fan coronapasjinten op de intensive cares yn Fryslân: