Joey Veerman bliuwt by SC Hearrenfean: "Ik verwacht geen gekke dingen"

02 okt 2020 - 15:31

Der wie ynteresse by it Ingelske Southampton en ek yn Spanje wie der in klup dy't belangstelling hawwe soe foar Joey Veerman. Dêrneist waard syn namme ferskate kearen yn ferbân brocht mei Ajax, mar Joey Veerman stelt de Hearrenfeansupporters gerêst en ferwachtet net dat hy noch fuortgean sil.

Reportaazje Joey Veerman

"Ik verwacht niet dat er nog gekke dingen gaan gebeuren. Ik vind het altijd wel leuk om te horen en te lezen, maar ik denk dat er op dit moment weinig van waar is", fertelt Veerman. " Zolang niemand zich meldt bij Heerenveen en er geen bod binnen is, dan is er niks om me druk over te maken. En een vraagprijs van 20 miljoen euro? Ach, daar kan ik wel om lachen, zolang het niet waar is. Als het wel waar zou zijn, dan zit ik hier sowieso tot mijn 25ste."

Ik moet lachen om een vraagprijs van 20 miljoen

Joey Veerman

Tsjin FC Utrecht is de absolute smaakmakker ek wer fan de partij. Mei Rodney Kongolo en Oliver Batista Meier foarmet Veerman it middenfjild. Trainer Johnny Jansen tinkt dat it foar syn ûntwikkeling better is as hy noch in jier by Hearrenfean fuotballet. "Joey kan goed voetballen, maar hoe kan hij het elftal wat beter maken. Wat is er nog meer nodig om wedstrijden te winnen. Ik denk dat hij daarin hier bij Heerenveen nog een mooie stap kan maken."

Jansen is der fan oertsjûge dat Joey in heger nivo oankin, mar is ek kritysk op him. "Hij zal de dingen op een nóg hoger tempo moeten doen, zodat hij nog meer tijd en ruimte voor zichzelf kan creëren. En dat heeft hij ook zeker nodig als hij op een hoger niveau gaat spelen. Maar hij is een groot talent. Ik denk ook zeker dat hij in de toekomst een volgende stap gaat maken", sa seit Jansen.

Joey Veerman

Opstelling: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, J. Veerman, Kongolo, Batista Meier, Van Bergen, H. Veerman en Van der Heide.

Foar Jansen is der gjin inkelde reden om syn basis-alve te wizigjen. Mei de folle winst út de earste trije wedstriden is Hearrenfean, tegearre mei Ajax, de ferrassende koprinner. Eltsenien is fit en boppedat hat Ulysses Llanez syn wurkfergunning binnen. De fleugeloanfaller dy't hierd wurdt fan Vfl Wolfsburg sit tsjin FC Utrecht foar it earst op de bank.

Jansen: "Verdedigend staan we redelijk tot goed, maar we willen graag wat hoger op het veld, zo rond de middenlijn, meer druk op de bal. Als we dat voor elkaar krijgen en we op de counter kunnen spelen, dan kunnen we nog mooie dingen doen."

FC Utrecht

FC Utrecht hat him dit seizoen flink fersterke. Sa binne de beide oanfallers Mimoun Mahi en Eljero Elia en ferdigener Django Warmerdam nei de Domstêd helle. Dêr stiet tsjinoer dat fleugelferdediger Sean Klaiber dizze wike nei Ajax gien is. Mar de ambysjes fan klupeigener en jildsjitter Frans van Seumeren binne dúdlik, FC Utrecht wol de tradisjonele top trij oanfalle.

Jansen: "Utrecht heeft gewoon een hele goede selectie, met een mooie manier van voetballen. Veel dynamiek op het veld, dat is hun grote kracht".

Johnny Jansen UTRHEE

De wedstriid FC Utrecht - SC Hearrenfean is freed live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer en de wedstriid begjint om 20.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)