Wenboat yn Westergeast sletten fanwege hannel yn harddrugs

Oan de Prellewei yn Westergeast is freed in wenboat sletten út namme fan boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. Yn maart hat de plysje dêr harddrugs fûn. It wie ien fan de lokaasjes dêr't de plysje doe ynfallen die foar de saak-Vidar.
De wenboat yn Westergeast © De Vries Media
Vidar is de namme fan in grut ûndersyk nei ynternasjonale hannel yn harddrugs. Dêrby is in kriminele boargerynfiltrant ynset. Der sitte mear as tsien fertochten fêst. De ynhâldlike behanneling fan de saak is pas ein takom jier.
Yn de boat yn Westergeast lei net allinnich harddrugs, der stie ek oar guod dat mei de hannel yn harddrugs te krijen hie.
De sluting jildt foar in perioade fan in healjier.