Fiif Fryske teäters krije ûntheffing fan coronamaatregels

Fiif Fryske kulturele ynstellings hawwe in ûntheffing krigen fan de jildende coronamaatregels. It giet om De Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten, Het Posthuistheater op It Hearrenfean, Theater Sneek en De Koornbeurs yn Frjentsjer. Foar dizze gebouwen jildt gjin maksimum fan 30 persoanen de romte.
Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Boargemaster Sybrand Buma sei ôfrûne woansdei dat in oantal Fryske kulturele ynstellings in frijstelling krije soe fan de nije coronamaatregels dy't it kabinet tiisdei ôfkundige en har net hoegde te hâlden oan it maksimum fan 30 besikers.
De teäters yn Ljouwert, Drachten, Snits, Frjentsjer en op It Hearrenfean hawwe neffens de Veiligheidsregio in hege kulturele wearde foar Fryslân en meitsje essinsjeel ûnderdiel út fan de Fryske kulturele ynfrastruktuer. Alle fiif lokaasjes hawwe de ôfrûne perioade bewiisd dat se har goed oan de regels hâlde en wurkje mei goedkarde protokollen dy't in feilige besite garandearje kinne.

Oare teäters gjin ûntheffing

Oare konsertsealen en teäters yn de regio sille har hâlde moatte oan de jildende Ryksmaatregel dat sy allinnich aktiviteiten organisearje meie mei in maksimum fan 30 besikers, eksklusyf personiel.
Wannear't de situaasje feroaret, kin de foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân de ûntheffing opnij besjen. De fiif lokaasjes kinne dan dochs noch sletten wurde of de foarsitter kin beslute dat mear lokaasjes yn oanmerking komme foar de ûntheffing.