Fûgelers dit wykein massaal op paad foar grutte Europeeske telling

02 okt 2020 - 14:03

As je gauris yn it fjild binne, wie it je fêst al opfallen: trekfûgels komme wer mei tûzenen tagelyk nei ús provinsje ta. Om in goed byld te krijen fan de migraasjestreamen is dit wykein de jierlikse trekfûgeltelling, de Euro Birdwatch. Dit jier alwer foar de 25ste kear.

De fûgeltrek komt oan it begjin fan de hjerst goed op gong. De fûgels komme út Skandinavië en sykje in better plakje yn de kâldere moannen. Dêrby dogge se manmachtich ús provinsje oan. De ien om hjir te bliuwen, en de oar om troch te fleanen nei in noch waarmer plakje.

De trekfûgeltelling wurdt op 150 ferskate lokaasjes yn it lân organisearre. En yn tsjinstelling ta de túnfûgeltelling wurdt de telling hjir benammen dien troch fûgelwachten. Ien fan dy fûgelwachten is dy fan de Trynwâlden. Foarsitter Henk Minkes en natuerfotograaf Jappie Seinstra binne freed al eefkes op 'en paad om te sjen hoe't it lân derby leit.

Mei de teleskoop

De dize leit noch bot oer de fjilden as it twatal betiid op 'e dei út 'e auto stapt. Gewoanwei soene se de teleskopen opstelle yn de fûgelhut oan de Koaiwei, mar krekt no wurdt dêr de feart útbaggere mei grut materiaal. Fiifhûndert meter fierderop is it lykwols rêstich, en kin it fûgelspotark út de kofferbak helle wurde: twa grutte teleskopen.

Jappie Seinstra en Henk Minkes mei harren fûgelspotark - Foto: Omrop Fryslan

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei de fûgelers

Wylst yn de fierte fjouwer reeën troch de damp huppelje, kuereagje de beide manlju mei opperste konsintraasje troch harren teleskoop. Se hawwe in rôffûgel yn de kiker, dy't eefkes fierderop op in pealtsje besiket wat drûch te wurden.

Troch de mist is der op freed noch net in soad te sjen. Mar de migraasjefûgels binne wol goed te hearren: guozzen, finken en ek ljippen moatte hjirre massaal wêze. "Wy hearre no konstant skiere guozzen, past goed by it waar", grapket Seinstra. "Mar yn de einekoai hearre wy ek it winterkeninkje en in stel finken."

Oprop foar fûgelwachten

Neffens Minkes is de telling fan dit wykein tige wichtich, om in goed byld te krijen fan de fûgelstân en de migraasjestreamen. Hy fynt it dêrom ek skande dat der yn Fryslân mar sa'n pear fûgelwachten meidogge. "It soe hiel leuk wêze as mear wachten dit dwaan wolle", seit er. "Ik soe se ek oproppe wolle om mei te dwaan. Foaral yn in tiid dat je net dwaande binne om greidefûgels te beskermjen, dan hast ek ris wat oars om te dwaan."

En as je dan mazzel hawwe kinne je miskien "de krinten út de brij" sjen, seit Seinstra. Want hy hat noch wol in ferlanglistje foar sneon: "De noardske falk of de sljochtfalk en der binne ek wol reade gleeën!"

Mar dan moat it waar wol wat better wêze, want op freed bliuwt it by ien rôffûgel en in pear guozzen yn de fierte.

Henk en Jappie lizze út hokker apperatuer se mei hawwe

(advertinsje)
(advertinsje)