Freedsmerk oer corona- en smookbelied: 'Smokers binne watjes'

"Salang't it regear noch sa'n soad fertsjinnet oan it smoken, sil it nea sa strang yngripe as by corona." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk. Earder neamde sikehûsdirekteur René Medema it Nederlânske smookbelied 'absurd', as je dat ferlykje mei de corona-oanpak.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Bij corona wordt drastisch ingegrepen, maar het roken kost veel meer mensenlevens. Toch komen anti-rookmaatregelen nauwelijks van de grond." Medema is direkteur fan it Amsterdamske Antoni van Leeuwenhoek-sikehûs dat spesjalisearre is yn de behanneling fan kanker.
Dochs fûnen ek in soad minsken dat je dy saken net mei inoar ferlykje kinne. "Sa'n firus kin gau ferdûbelje. Je witte net hoe't him dat ûntwikkelet." En, sa stelde in oar: "Der stjerre net ynienen in hiel soad minsken troch it smoken. En de intensive cares lizze der ek net fol mei."
Ien fan keaplju fertelde dat er yn jannewaris ophold mei smoken. Hy fynt no elkenien dy't noch smookt eins 'in watje'. Poelier Hylke is jierren lyn al opholden: "Ik smookte fjouwer pakjes deis. De dokter fûn dat wol wat te folle. Doe sei ik, skriuw mar op: Hylke smookt net mear. En dat ha 'k ek noait wer dien."
René Koster wie op de merk