513 nije coronabesmettings yn wike tiid; testkapasiteit fierder ferhege

02 okt 2020 - 12:20

Foar de tredde wike op rige is yn Fryslân it oantal oantoande coronabesmettings dat der wykliks by komt mear as ferdûbele. Yn de ôfrûne wike testen 513 Friezen posityf op it firus, tsjinoer 209 de wike dêrfoar. Dat is in nij rekôr en mear as in tredde part fan it totaal oantal besmettingen yn Fryslân sûnt de útbraak fan it coronafirus yn maart. GGD Fryslân skaalt dêrom fan moandei ôf it oantal coronatests wer op.

De ferwachting is dat it risikonivo fan Fryslân ynkoarten opskoot fan 'waakzaam' nei 'zorgelijk'. Soarchlik is it op ien nei swierste risikonivo. Ek de feilichheidsregio's fan Grinslân en Flevolân sitte op dat nivo. Om't der sûnt tiisdei al lanlike maatregels jilde om it firus yn te damjen, sil de nije status net automatysk foar mear beheinings soargje. Wol bliuwt GGD Fryslân alert om ekstra yngrepen te advisearjen as dy helpe kinne by it foarkommen fan fersprieding fan it firus.

De gemeente Ljouwert telde 231 gefallen. Hast de helte fan de Fryske besmettings wie yn de leeftiidsgroep fan 18 oant en mei 29 jier. De measte oerdracht bart yn thússituaasjes. Dêr jilde sûnt tiisdei al mear restriksjes: der binne yn in wente maksimaal trije gasten tagelyk wolkom.

De stiging mei 513 ynfektearren betsjut dat it totaal oantal besmettings yn Fryslân sûnt maart yn in wike tiid mei hast de helte tanaam is. Yn totaal is no by 1.684 Friezen it firus konstatearre. Yn Ljouwert binne relatyf in soad studinten besmet. GGD Fryslân hat kontakt mei de belutsen studinteferienings en de skoallen.

Foto: Omrop Fryslân

Mear testkapasiteit

Troch de útwreiding fan de testkapasiteit by laboratoaria is yn Fryslân dizze wike in rekôroantal fan 7.087 minsken yn de trije GGD-lokaasjes test. Foarige wike wiene dat der 5.490. De testkapasiteit is tongersdei ferhege fan 1.000 nei 1.100 persoanen op in dei en giet stadichoan fierder omheech nei 1.600 deis op moandei 12 oktober. Dat is mooglik troch ôfspraken dy't makke binne mei laboratoaria.

De besteande teststrjitten wurde dêrfoar fergrutte. Dêrneist moat der dizze moanne noch in fjirde testlokaasje by komme. Op dit stuit binne der testlokaasjes yn Ljouwert, Drylts en Drachten. Wêr't de nije testlokaasje komme moat, is noch net bekend.

Soarchynstellings

De ôfrûne wike is yn in tsiental soarchynstellings it firus oantroffen. Geregeld wie dit by in inkelde bewenner dy't nei alle gedachten besmet is troch ien fan bûten de ynstelling. Fan fierdere fersprieding wie der yn de measte gefallen gjin sprake. Wêr nedich is ekstra test. Ofrûne wike binne der 25 70-plussers posityf test.

Ek op in tsiental skoallen binne besmette learlingen meld en wie der by eltse skoalle hast gjin fierdere fersprieding.

Fan seis minsken dy't posityf test binne, is by de GGD meld dat se yn it sikehûs opnaam binne. Der binne by GGD Fryslân gjin coronarelatearre ferstjerrens meld.

Gemeenten

Op Skiermûntseach nei trof it firus ynwenners fan alle Fryske gemeenten, faak mei mear as 10 of 20 gefallen. Nei Ljouwert wiene Súdwest-Fryslân mei 54 besmettings en De Fryske Marren mei 36 útsjitters. Njoggen bewenners fan de Waadeilannen binne posityf test: Skylge 4, Flylân 3 en It Amelân 2. Foar Flylân en It Amelân wiene dit de earste besmettings ûnder ynwenners.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de nijste sifers

Oantal coronabesmettings ôfrûne wike

Gemeente Oantal besmettings
Ljouwert 231
Súdwest-Fryslân 54
De Fryske Marren 36
Tytsjerksteradiel 24
Waadhoeke 24
Noardeast-Fryslân 23
Hearrenfean 22
Weststellingwerf 20
Dantumadiel 16
Opsterlân 16
Smellingerlân 13
Achtkarspelen 12
Eaststellingwerf 9
Harns 4
Skylge 4
Flylân 3
It Amelân 2
Skiermûntseach 0
Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)