Soargen op It Amelân om tûzen hurdrinners: "Vreemd dat dit doorgaat"

02 okt 2020 - 17:21

De hurdrinwedstriid Vuurtorentrail op It Amelân giet takom wykein 'gewoan' troch. Moai nijs foar de lytse tûzen dielnimmers, mar in groep eilanners tinkt dêr oars oer. Sy sitte fanwegen it coronafirus net te wachtsjen op in grutte groep minsken fan it fêstelân en meitsje har soargen. Dy soargen binne der ek by Jeroen de Jong fan it CDA. "Nu er in Nederland diverse evenementen worden afgelast, vind ik het vreemd dat dit wel doorgaat."

Jeroen de Jong fan it CDA:

Amelan 1

De situaasje is neffens De Jong oars as yn de drokke hjerstfakânsje. "Mensen die hier in de vakantie kwamen, dat waren geen grote groepen. Die mensen isoleerden zichzelf en kunnen anderhalve meter afstand bewaren." De Jong is benaud dat it drok wurdt op de boat en yn de bus op it eilân."Iedereen zit bij elkaar op de boot, ze gaan allemaal naar Hollum. En dan komt er ook nog publiek mee."

De Jong tinkt net dat er it evenemint noch keare kin. "Want volgens de burgemeester voldoen ze aan alle voorwaarden."

Leo Pieter Stoel

Gjin reden om fergunning yn te lûken

Dy boargemaster, Leo Pieter Stoel, seit dat der goed oer neitocht is. "De deelnemers komen verspreid over twee dagen", leit er út. "Zaterdag ongeveer 650 en zondag ongeveer 300. Ze komen dus niet allemaal op hetzelfde moment bij elkaar." Sa is der gjin inkelde groep dy't grutter is as 250 minsken. Neffens Stoel bliuwt dêrtroch alles binnen de rjochtlinen fan it RIVM en de regels fan de Veiligheidsregio Fryslân.

De gemeente hie al in fergunning foar it evenemint ôfjûn. Nei't it kabinet moandei strangere regels oankundige, ha de autoriteiten wol wer oerlein mei de organisaasje fan de Vuurtorentrail. Stoel: "We hebben gevraagd of het nog steeds door kon gaan. Er zijn wat aanpassingen gedaan. Dan is er geen reden om de vergunning in te trekken."

"Dit kan niet doorgaan", fynt dizze bewenner:

Amelan 3

Mûlkapkes, gjin sanitêr en oar startplak

Ien fan de oanpassingen is dat de start fan de trail net yn it doarp Hollum is, mar op it strân. Fierder binne der minder frijwilligers, meie dielnimmers it húske en de dûsen fan de sporthal net brûke, is der gjin priisútrikking en moatte alle dielnimmers oant de start in mûlkapke op dwaan.

"Het is dus niet zo dat we precies hetzelfde doen als normaal", seit organisator Robin Kinsbergen. "Na de verscherping van deze week hebben we een spannende periode meegemaakt." Mar Kinsbergen is der klear foar, seit er. "In augustus hebben we op de Veluwe ook een coronaproof evenement georganiseerd. Dat ging goed en de evaluatie was naar behoren."

Organisator Robin Kinsbergen:

Amelan 2

Net elkenien komt tagelyk

Dat ferskate eilanners har no soargen meitsje, komt neffens Kinsbergen benammen troch ûndúdlikheid. Dat leit net oan de organisaasje, wat him oanbelanget. "We communiceren heel goed naar de deelnemers en op Facebook. De toestroom van mensen komt ook niet allemaal tegelijk. Die komen verdeeld over vier verschillende dagen."

Boargemsater Stoel snapt dat ûndernimmers en bewenners fan it eilân kritysk binne en soargen ha. "Daarom vragen we aan evenementen en gasten, net als aan onze bewoners, om de richtlijnen heel goed te volgen."

Boargemaster Leo Pieter Stoel

(Advertinsje)
(Advertinsje)