Ferwûne nei ûngelok troch klapbân op Wâldwei

Op de Wâldwei, de N31 tusken Ljouwert en Drachten, binne freedtemoarn in buske en in auto botst. Yn de buert fan de ôfslach Nyegea klapte in persoane-auto op it buske.
© De Vries Media
It buske krige troch de botsing in klapbân. Ien persoan rekke by it ûngelok ferwûne en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Troch it ûngelok wie de rjochterrydstrook in skoftke ticht. In berger hat de auto en it buske fuorthelle.