Kollum: "Vrouw en vrij"

02 okt 2020 - 08:26

"Ik krige ferline wike in tillefoantsje fan psycho- en mindfulnessterapeut Liesbeth de Wilde nei oanlieding fan de kollum 'Skamje dy net foar dyn lippen'. Dy kollum gong ûnder oare oer de Amerikaanske seksterapeute Betty Dodson dy't froulju helpt de skamte fan it eigen liif en seksualiteit te oerwinnen. Liesbeth fûn it moai dat ik dy kollum skreaun hie en woe efkes sizze dat der ek sokke groepen yn us eigen provinsje binne; Groepstherapie Vrouw en Vrij.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan HIlda Talsma

It giet al wat oars as by Betty want yn dizze groepen sitte de froulju net neaken. It sjen en fielen dochst ek thús mar de oefeningen wurde wol yn de groep taret en evaluearre. Yn in trajekt fan 12 wiken wurdt der wurke oan selswurdearring, it nimmen fan de eigen regy en it fertrouwen yn eigen mooglikheden. Se docht dit tegearre mei seksuolooch, systeemterapeut en betinker fan de Vrouw en Vrij-metoade, Gea Bijzitter.

Guon froulju sjogge hjir likegoed noait om nei de eigen genitaliën. Fulva's sitte ferstoppe tusken de skonken en út bygelyks de opfieding wei kinst as famke al it idee krigen ha dat it net de bedoeling is datst dêr nijsgjirrich nei bist. It is ûnfatsoenlik en it heart net sa. Seksuele ûntwikkeling kin ek stagnearje troch oare grutte problemen yn it libben en de puberteit sadwaande in kwestje fan oerlibjen wurdt yn stee fan ûndersykjen.

Seks kin ek in drompel wurde ast pine hast by it frijen of troch it ideale lichemsbyld dat hieltyd feroaret. Dêr hat benammen de (fotoshoppende) media in oandiel yn omdat dit in bepaald byld del set dat al gau de noarm wurdt, wyls dat heaksk stiet op de praktyk. De measte problemen geane neffens Liesbeth en Gea oer de myten dy't der binne oer seks. Mar wêrom soest net froulik of seksy wêze ast net alles dwaan wolst of kinst op seksueel gebiet?

Alle minsken ha har eigen winsken mar omdat we al gau tinke dat eat op in bepaalde manier heart, ferjitte we ús eigen persoanlike foarkar. Hoechst hielendal net te tongtútsjen ast dat net wolst en kinst ek seks ha sûnder penetraasje. In soad froulju, en ek manlju, ha de oanstriid om alles yn te kleurjen mei de bril dy't se opsette mar de werklikheid is faak hiel oars.

Nei in Vrouw en Vrij-trajekt meitsje de skamte en de ûnwissens plak foar ferromming want do meist dyn eigen seksualiteit bepale! As der djippe trauma's binne dan kinst neist dizze terapy in ferfolchterapy krije en spylje relaasjeproblemen in rol, dan binne petearen mei de partner mooglik. Mar begjinst altyd mei it sjen nei dysels en dyn eigen winsken. Wat wolst en wat stiet der yn 'e wei? Uteinlik giest mei dysels troch it libben en froulju leare ek dat se har gedachten net altyd sa serieus hoege te nimmen.

Gedachten binne meastentiids ek myten en gjin feiten. Destruktive gedachten wurde útdage; Wêrom fynst dat? Hoe sjocht in oar dêr nei? De groep kin elkoar dêr hiel bot yn oanfolje. Laitsje en gûle mei elkoar is heeljend en stypjend en dyn demoanen diele wurket befrijend. Fansels hat sa'n trajekt net foar elkenien deselde útwurking. Dêr't de iene wer wille belibbet oan seks (mei in partner of harsels), komt de oar ta it besef dat it om har echt net mear hoecht en dat is prima.

Seksuele klachten binne faak in utering oer hoe'tst dysels manifestearrest yn it libben. Dêrom giet de terapy gauris oer libbenskeunst yn stee fan oer seks. Myten sille der altyd wol bliuwe. Mar it is de keunst dy út te daagjen en om te bûgjen om úteinlik wer by dyn eigen hert en siel út te kommen.

Foar mear ynformaasje: https://www.kien.nu/event/groepstherapie-vrouw-en-vrij-2/"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)