Weststellingwerf lansearret platfoarm om frijwilligers en organisaasjes te keppeljen

02 okt 2020 - 08:12

It Vrijwilligerspunt fan de gemeente Weststellingwerf hat tongersdei de digitale doarren iepene. De webside is bedoeld om frijwilligers en organisaasjes op in leechdrompelige wize by mekoar te bringen.

Foto: Lourens Looijenga

Ynwenners dy't help nedich hawwe, bygelyks by in putsje yn hûs of yn de tún of mei boadskippen, kinne har melde by it Vrijwilligerspunt. It is ek geskikt foar minsken dy't bygelyks ien sykje mei wa't se in eintsje fytse kinne.

It Vrijwilligerspunt helpt dêrneist organisaasjes dy't frijwilligers ynsette wolle. Sy helpe ûnder oare mei frijwilligersbelied, it finen en binen fan frijwilligers en mei fragen oer aktuele wet- en regeljouwing. Ek frijwilligers dy't fragen hawwe oer it wurk, bygelyks oer in kontrakt of fersekering, of op syk binne nei frijwilligerswurk, kinne by it punt telâne.

Leechdrompelich

De webside is yn it libben roppen om't de gemeente fûn dat it Vrijwilligerspunt earder net goed sichtber wie foar frijwilligers en organisaasjes. "We voelden de behoefte om een platform te hebben waarop mensen elkaar op een laagdrempelige manier kunnen vinden", fertelt koördinator Mirjam Kooman. "We zijn trots op de website en ik denk dat het inderdaad laagdrempelig is. Vrijwilligers kunnen heel simpel vacatures van de organisaties bekijken en zich aan hen presenteren. Wij verwachten dat dit een aanzuigende werking zal hebben."

Minsken dy't mear witte wolle oer it Vrijwilligerspunt of har oanmelde wolle, kinne dêrfoar telâne op harren webside.

Mirjam Kooman

(Advertinsje)
(Advertinsje)