De lêste dagen yn in hospice: “Alle dagen in bytsje emoasje"

02 okt 2020 - 08:00

David Dijkstra hat prostaatkanker en leit no sûnt in pear wike yn de hospice De Kime yn Snits. Foar him en foar syn famylje is it de bêste oplossing om syn lêste dagen rêstich en yn in waarm hûs troch te bringen.

Hospice Fryslân 20 jier: Famylje Dijkstra

Dijkstra hat al jierren prostaatkanker, mar it lêste jier gong it hurd minder. Hy hie thússoarch by him yn 'e hûs en kaam úteinlik yn de wenkeamer te lizzen. Foar syn frou Suze waard de situaasje ek hieltyd dreger. Syn dochter Wytske fertelt: "Vooral in de nacht. Hij viel vaak, als hij naar de wc ging. De zorg 's nachts was niet goed genoeg. Mijn moeder van 84 jaar kon hem niet overeind helpen, als hij was gevallen."

Wytske hat tegearre mei har suster in skoft besocht foar harren heit te soargjen. Mar it slagge harren net mear. "We hebben de afgelopen zomer een caravan gehuurd, zodat we dichtbij onze ouders waren. Maar we werden aan alle kanten belast."

"We konden dit niet volhouden"

De famylje hat úteinlik besletten om Dijkstra op de wachtlist fan De Kime yn Snits te setten. Wytske: "We konden dit niet volhouden. We moeten iets regelen voor de toekomst." Dijkstra begrypt dat ek: "Kinst net sizze dat de bern hjir alle dagen komme moatte. Dat slagget net. En dat moatte je ek net freegje. It kin net oars."

Foto: Omrop Fryslân

Moast in hiel soad respekt hawwe foar de minsken dy't dit allegearre dogge.

David Dijkstra, gast yn hospice De Kime

Dêrnei gong it ynienen hiel hurd, seit Wytske. "Alle vier plekken waren eerst bezet. Maar na twee dagen werden we gebeld, dat hij de volgende dag al komen." Foaral foar de frou fan David Dijkstra wie it dreech. Se hienen net in soad tiid om oan it idee te wennen. Dochs is elkenien bliid mei hoe't it no is.

"Het is niet ons thuis, maar het is heel fijn"

Wytske: "In het hospice heerst echt een huiselijke sfeer. De vrijwilligers geven heel veel aandacht aan mijn vader. We kunnen ook altijd mee eten. Het is niet ons thuis, maar het is heel fijn." Dijkstra is ek bliid: "It rint perfekt, moat ik sizze. Se binne allegear hartstikke leaf en goed. Moatst in hiel soad respekt hawwe foar de minsken dy't dit allegearre dogge."

Konfrontearjend fynt Dijkstra it wol. "Do sitst derby en sjochst dernei. Foar de rest kinst neat dwaan. Wylst ik folle leaver wat doch. Mar dat is net oars."

Foto: Omrop Fryslân

Sa no en dan ris even de emoasjes kwytreitsje, even goed janke.

David Dijkstra, gast yn hospice De Kime

It lêste stik

Mar hoe meitsje jo jo as mins no klear foar it lêste stikje fan it libben? "Sa no en dan ris even de emoasjes kwytreitsje, even goed janke", seit Dijkstra. "Op in gegeven momint binne jo der wol mei oan de gong. Alle dagen wol wat. Guon dagen giet it goed of minder goed. Hjoed giet it goed."

Ien ding is wis, de humor sit der noch wol goed yn by Dijkstra: "It is wol leuk dat jimme hjir binne", seit er tsjin de ploech fan Omrop Fryslân by de opnames. "Ik bin foar de earste kear op telefyzje en it is ek de lêste kear. Dêr kinne we wol fan útgean."

Sjoch hjirûnder nei in langer ynterview mei Dijkstra yn it hospice:

Bonus materiaal Dijkstra

Omrop Fryslân hat in minysearje oer it hospice De Kime yn Snits makke. Woansdei wie de earste ôflevering. Dêryn fertelt koördinator Berber Roelofsen dat der hieltyd mear ferlet is fan in hospice, noch mear as yn it ferline. Mar dochs is útwreiding foar harren gjin opsje.

Tongersdei fertelde frijwilliger Gerrie Hendriks yn de twadde ôflevering oer wat se allegearre meimakke hat yn de ôfrûne tweintich jier.

Trefwurden: 
Snits hospice De Kime
(Advertinsje)
(Advertinsje)