Sportferienings hâlde lotterij om akkommodaasje te ferduorsumjen

02 okt 2020 - 06:58

Kuorbalferiening Drachten en Drachtster Boys hawwe in gearwurking mei de organisaasje Verloting in lotterij opset mei grutte prizen: in camper en 25.000 euro bûsjild. Mei de opbringst wolle de sportklups harren akkommodaasje ferduorsumje. Dêrneist giet der jild nei it Odensehûs Dirk Baron.

Grutte lotterij helpt sportklups troch de tiid

Sportferienings hawwe in drege tiid. De ynkomsten fan de kantine en falle fuort en ek de sponsoring rint werom. De beide sportferienings wolle maatskipliker aktearje en in slach nei de takomst meitsje: mei duorsumens yn de foarm fan ledlampen en sinnepanielen. Dêrby ferbine se harren oan in maatskiplik doel: it Dirk Baronhûs foar alzheimerpasjinten yn Drachten.

It is in konsept fan de organisaasje Verloting, dy't earder by fuotbalklup Ouwe Syl al ris in hiel hûs ferlotte. Foar KV Drachten en Drachtster Boys is it in goed middel om drege tiden troch te kommen. Foarsitter Jon van Weperen fan KV Drachten: "We hebben het over best veel geld, dat je niet zomaar bij sponsoren of leden vandaan kunt halen. Dit is een mooi en origineel idee om toch het benodigde geld bij elkaar te krijgen."

Training by KV Drachten - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Baukje Adema fan de organisearjende kommisje fan KV Drachten is it unyk dat twa sportferienings sa oparbeidzje. "We wolle 'knalle' fia de Verloterij, krekt as fuotbalferiening Ouwe Syl en Akrogym yn Marum. De ynset is dit kear gjin hûs, mar in camper."

In lot kostet 29 euro it stik. De lotterij kin út as der yn elts gefal 30.000 lotten ferkocht wurde. De twadde priis fan de lotterij is in auto mei in wearde fan 50.000 euro, de tredde in reissjek fan 5.000 euro. Yn totaal binne der 64 prizen te winnen. Mei de opbringst wurdt ûnder oare in Beleef-TV oanskaft foar de minsken mei demintens yn it Odenshûs Dirk Baron yn Drachten.

Foarsitter Jon van Weperen fan KV Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)