CBS: Fryske bedriuwen hawwe minste coronastipe nedich

Fan alle Nederlânske provinsjes hawwe bedriuwen yn Fryslân oant no ta de minste oerheidsstipe nedich hân fanwegen de coronackrisis. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) hat ûndersocht hoefolle persint fan de bedriuwen stipe oanfrege hat.
'Mar' 38 persint fan de bedriuwen yn ús provinsje hat jild oanfrege om de leanen betelje bliuwe te kinnen. Mei dizze stipe kinne wurkjouwers by wa't de omset werom rint troch de coronakrisis harren kas oanfolje. Op dy wize kin personiel dat troch de maatregels thús sit trochbetelle wurde.

Limboarch

Yn alle oare provinsjes is it persintaazje fan bedriuwen dat stipe nedich hat heger as yn Fryslân. Yn de provinsje Limboarch is de situaasje it knipendst, dêr hat leafst 50 persint fan de bedriuwen stipe nedich. Benammen bedriuwen yn de hoareka, tsjinstferliening, kultuer, sport en rekreaasje hawwe stipe nedich. Yn sektoaren as de lânbou, finansjele tsjinstferliening en de bou hat de minste stipe nedich west.

Stiperegelings duorje langer

Yn it ûndersyk fan it CBS giet it om de earste stipepakketten fan de oerheid, de Tijdelijke Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid (NOW), de Tegemoetkoming Ondernemers Getroffen Sectoren (TOGS) of in útstel fan belestingbetelling. De saneamde NOW 1.0 koe fia it UWV oanfrege wurde oant 1 juny. Yn Fryslân fregen mear as 4.400 bedriuwen stipe oan fia dizze regeling. Yntusken hawwe bedriuwen ek al jild oanfreegje kind út de NOW 2.0 en hat de oerheid in tredde pakket tasein.